30 March 2024

Ofrûne tongersdei wie ik oanwêzich by de jiergearkomste fan Doarpsbelang Warten. De opkomst wie grut en it wie in libbene jûn mei in soad ûnderwerpen. Sa waard der ynformaasje jûn oer wat der bard is it ôfrûne jier en hoe’t de finansyen der foar stean.

In lytse greep út wat der bard is: der is in duofyts oanskaft en dêr wurdt al in soad gebrûk fan makke.  De webside is oanpakt en oanpast. En de flaggen foar feestlik gebrûk binne wer op foarried brocht. Ek wurdt der wurke oan in “Speelkasteel” foar yn de boarterstún. De fergunnings binne al oanfrege.

Der binne ek soarchen. Sa wurde der hieltyd mear meldingen makke fan pesterijen yn it doarp. Op 4 april om 20.00 oere wurdt der in doarpsgearkomste organisearre om hjir rom oandacht oan te jaan.

Wat binne de plannen foar it kommend jier?

Fan Sportkantine ta MFC: it doel is om de sportkantine te ferbouwen ta in multyfunksjoneel sintrum foar it doarp, In tal fan oanpoend inisjatyfnimmers is hjir mei dwaande en presentearre de plannen mei in Powerpoint en tekeningen. It waard entûsjast ûntfongen.

Ek binne der plannen foar wentebou op it terrein fan it âlde suvelfabryk.

In oprop nei de gemeente ta: it byhâlden fan it grien en fersakke stoeptegels ferrint noch net nei tefredenheid yn it doarp

Oprop foar katteeigners: it is wer jongepykjetiid. Hâld dêrom jo kat nachts binnen, ta beskerming fan de jonge pykjes .

Al mei al is dit in ploech minsken dy’t op eigen krêft en as it nedich is, mei stipe fan de gemeente in soad foar mekoar krijt. Ek fanút de seal wie in soad ynbring.



Tags: