4 April 2024

Yn de beslútfoarmjende riedsgearkomste fan woansdei 3 april hat de ried, nei in tal fan hammerstikken, unanym ynstimd mei it amendemint fan FNP Ljouwert en mei-yntsjinners! Dêrmei komt der gjin rotonde en ferbreding fan de bebouwingsfrije sône yn it bestemmingsplan fan Unia East. Us moasje ‘Ontsluiting Unia-Oost’ like it net te heljen en is nei in koarte ûnderbrekking fan de gearkomste ynlutsen. Wol hat wethâlder De Haan tasein yn gesprek te bliuwen mei omwenjenden om sa te kommen ta in meast optimale oplossing oangeande de wegestruktuer en ûntsluting fan Unia-Oost.

It lêste stik fan de gearkomste wie foar Coco Hoving dy’t hjoed ôfskied naam as adjunkst-griffier. Sy waard mei in tal fan tankwurden terjochte yn it sintsje set en betanke foar jierrenlange steat fan tsjinst. Se wurdt opfolge troch Gerben Vos. FNP Ljouwert betanket Coco en winsket Gerben in soad súkses!



Tags: