8 May 2024

Sûnd jier en dei is leanbedriuw Westra, mei in lytse 60 man persoaniel, in begrip yn de lânbou en ynfra yn de gemeente Waadhoeke en fier dêr bûten. Ferline hjerst hat de direksje bekend makke te stopjen mei harren lânbou-poat fan it bedriuw. It nijs kaam by de fêste klanten en in part fan it persoaniel hurd oan. FNP-Waadhoeke is benijd nei de reden wêrom Westra harren lânbou-aktiviteiten ôfstjitten hat.

De direksje jout oan dat it in dreech beslút wie om te stopjen mei har lânbou-poat, dat wol sizze: alles wat te krijen hat mei jarjen, kuilen by de greidboer en rispinge by de bouboer. Grûnwurk wurdt noch wol dien. Dat it beslút ferline hjerst bekend makke is, wie gjin tafal: klanten mar ek personiel dat persé by de boer wurkje wol, hawwe sa in heal jier de tiid krigen om wat oars te sykjen foar dat it nije groeiseisoen wer begjint. Dát de direksje besletten hat net mear ‘boere-wurk’ te dwaan hat in ferskaat oan redenen.

As earste waard neamd dat Westra de kwaliteit fan wurkjen foar in goede priis heech yn it findel hat. Mar jo sjogge dat grutte klanten wêr effisjent wurke wurde kin, en dus wat te fertsjinjen falt, hieltyd faker sels it wurk dogge. Tink hjirby oan jarje, kuile, meane as  maishakselje. Dat soarte fan wurk. Ek jout de direksje oan dat nije lânboumasines no wol hiel grut en djoer wurde en dat disse masines foar it grutste part fan de tiid yn de loads stean. Mei oare wurden: der is hieltyd mear kapitaal nedich om it wurk te dwaan. Boppe dat is it waar baas en bepaalt wannear it wurk dien wurde kin. Ek foarsjocht men yn de neie takomst krimp fan de lânbou troch hieltyd fierdergeande rigeljouwing fan de oerheid.

Disse ûntwikkelingen wiene reden om de hiele bedriuwsfiering troch te rekkenjen. It die bliken dat mear as de helte fan de kosten dy’t it bedriuw makke, opgongen oan har lânbou-aktiviteiten. Dêr tsjinoer stie dat it boere-wurk in stik minder as de helte fan de ynkomsten opleveren. Dat sette de direksje in skoft lyn al oan it tinken en hat men lang om let besletten de lânbou-poat ôf te stjitten. En dan giet it hurd, de masines binne ûndertusken al ferkocht.

De Westra’s hawwe de blik foarút, se sjogge grutte kânsen foar it bedriuw yn û.o. ynfra-grûn-kultuerwurk en duorsume enerzjy op-en oerslach. Ek binne der grutte moochlikheden om séls duorsumer te wurkjen. Sa hawwe se no al 3500 sinnepanielen op it dak lizzen en der stiet ek in wynturbine op it hiem. Der wurdt in laadplein oanlein om de sels opwekte stroom te brûken foar elekryske auto’s en oar (takomstich) elektrysk ark.

Op dit stuit binne de Provinsje, gemeenten en it Wetterskip grutte opdrachtjouwers dy’t easkje hieltyd duorsumer te wurkjen. Mei de gemeente Waadhoeke is koartlyn in kontrakt ôfsluten fan fiif jier foar it meanen fan de bermen en hekkeljen fan sleaten. Dit wurk sil mear en mear duorsum útfierd wurde en de meiwurkers krije mei de tiid sels ek mear ynsicht hoe’t it wurk ekologysk ferantwurde dien wurde kin.

We libje yn in tiid fan grutte transysje, it klimaat feroaret, we moatte ôf fan fossile branje en de rol fan de lânbou feroaret, ek hjir yn Waadhoeke. Dêr moat tûk mei omgien wurde, dat ferget ynnofaasjekrêft en dêr rinne de Westra’s mei foarop. Dêr stiet dan wol wer tsjinoer dat it allegear hieltyd saakliker wurdt. Se sille it minslike kontakt mei harren agraryske klanten bot misse. Wat aanst noch it aldermeast mist wurde sil is de gesellige sfear op it bedriuw as jûns let, nei dagen fan hurd wurkjen by de boeren op it lân, de mannen it ark oan de kant setten hawwe en dan mei syn allen noch in bierke drinke foardat men op hûs oan giet.

Op sneon 22 juni o.s. is der in iepen dei fan yndustriepark Kie-West. Disse dei wurdt mei organisearre troch leanbedriuw Westra. Elts is dan wolkom om te sjen wêr’t de bedriuwen op it yndustrypark har dwaande mei hâlde.  

By dizze besite wiene oanwêzich: Mathijs en Pieter Westra ( út namme fan de 3 koppige direksje)

Bert Vollema, fraksjefoarsitter en Sietze de Haan, foarsitter bestjoer FNP-Waadhoeke




Tags: