13 June 2024



Skiednis

Mar leafst 29 keatsferienigingen yn Waadhoeke binne oansletten by de KNKB. Dêr wurdt yn wedstrydferbân troch jong en âld dan ek folop keatst. Yn in tal doarpen bestiet de keatsferiening noch wol, mar de finansjele ôfdracht oan de Bond en de organisaasje fan wedstriden wurdt harren tefolle. Mar ek dêr wurdt mei de jierlikse merke of op it doarpsfeest noch folop keatst.


Frjemd is it net dat it keatsen yn Waadhoeke sa’n wichtich plak yn de mienskip hat. Ommers doe’t it Bildt yn de 16e ieuw ynpoldere waard, namen de wurklju út Brabân en Hollân it keatsen mei nei
Fryslân. It Fryske spul ûntwikkele har hjir folop en it waard in echte folkssport. Wedstriden waarden benammen organisearre troch kroegbazen, dy’t ek de prizen beskikber stelden.Dêrfoar waard der ek al keatst, foaral troch de eallju (adel) yn of by de kastelen en troch mûntsen oan de kleasterhoven. Doe’t yn Frjentsjer de universiteit (1585) oprjochte waard krigen de studinten net allinne les yn
Gryks, Latynsk of genêskunde, mar se krigen ek les op de “Kaatsbaan”. Yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer wurdt de ûntwikkeling fan it keatsen yn in tiidline prachtich werjûn.

Hjoeddedei

Wa’t de wedstriidlist fan de KNKB fan dit seizoen der op nei sjocht komt ta de konklúzje dat it keatsen libbet as in hert. Yn Waadhoeke binne hast 100 KNKB-wedstriiddagen by dy 29 keatsferienigingen. Op dy dagen wurdt der yn ferskillende kategoriën keatst: kabouters, pupillen, skoaljongens/famkes, jongens/famkes, junioaren m/f, senioaren m/f en dan ek noch yn de 50+ klasse. Hûnderten keatsers binne sa hast elk wykein aktyf. Se keatse om dat se it kriebeljen fan de krânse yn de nekke fiele wolle. Se keatse omdat it harren krekt of noch altyd yn it liif kriebelt at se harren opjouwe foar in wedstriid. En, it giet net allinne om de sport. It giet ek om it inoar moetsjen, in praatsje, it gleske fris of bier nei ôfrin. Datselfde jildt ek foar de frijwilligers dy’t de ferienigingen bestjoere en de fjilden lizze, dat dogge we meiïnoar. Allinne meiïnoar, frijwilligers, keatsers en publyk, kinne it keatsen oerein hâlde.

Yn Waadhoeke wurde grutte partijen organisearre. Wêrby’t Frjentsjer mei de PC (sûnt 1854), de Jong Nederland en de Seniorenbond fansels de Keatsstêd is. Mar ek de Eise Eisingapartij op Rypster merke, de Van Aismadagen yn Bitgum of de Âld Meierspartij yn Hitsum binne heechtijdagen fan it keatsen.

Takomst

Wa’t de jeugd hat, hat de takomst. Hat it keatsen takomst? It ledental fan de KNKB is de lêste jierren nochal tebekrûn. Der binne no noch goed 9000 leden. De dielname oan de jeugdwedstriden oant en mei 17 jier is hiel goed. It knipepunt sit lykwols by de junioaren. In protte keatsers litte it op dy leeftyd ôfwitte. Stúdzje, bybaantsjes ensfh. krije faak foarrang. De keninklijke PC en de KNKB dogge der fan alles oan om de jeugd fêst te hâlden, mei wedstriden op freedtemiddei mei oantreklike prizen.

It Keatsmuseum draacht ek in stientsje by. Yn’e mande mei de kultuurorganisaasje “Seewyn” fan gemeente Waadhoeke komme alle bern út de groepen 3, 4 en 5 yn’e kunde mei it keatsen. Yn it Keatsmuseum wurde de bern oan de hân fan it programma “Ik wol keatser wurde” entûsjast makke foar it keatsen. Ferfolgens wurde se meinommen nei it Sjûkelân foar in keatsclinic fersoarge troch profesjonele trainers mei help fan studinten fan it CIOS.

Hooplik keatse meardere fan dizze bern oer in jier of wat op de ferneamde “Takomstpartij”. Dizze partij bestiet al sûnt 1983 en waard altyd organisearre troch de keatsferieniging fan Easterbierrum (no Seisbierrum). Der wurdt altyd keatst om horloazjes. Fan de dielnimmers wurdt ferwachte dat sy in doas fol koeken ferkeapje foar in goed doel ûnder it motto “De sterke foar de swakke”. Elts jier levert dat sa’n € 4.000 op. Dit bewiist mar wer dat it by it keatsen net allinne om eigen eare draait, mar dat it ek in sosjaal barren is.  Hjoeddeiske  haadklassers dy’t de Takomstpartij wûn hawwe binne û.o. Hendrik Kootstra, Menno van Zwieten, Allard Hoekstra, Ilse Tuininga, Sjanet Wynia en Marrit Zeinstra. Dit jier wurdt de Takomstpartij  ferkeatst op 19 juli yn Seisbierrum.

Ien boppeslach is net genôch

Om de krânse te winnen is ien boppeslach net genôch. Trije spul is út. Dat jildt ek foar it fuortbestean fan it keatsen. Meiïnoar de skouders der ûnder. Doch de nammen dy’t yndertiid foar de ferienigingen keazen waarden eare oan: “De trochsetters”, “Eendracht”, “Onderling Genoegen”, “Nije Moed”. Dan hat it keatsen takomst.





Tags: