“Ús rjochting” (Thús yn Waadhoeke)

Dat Waadhoeke in plak is om dy thús te fielen is by in soad ynwenners fan de âlde gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Menameradiel en Littenseradiel al lang bekend. It doarp, de stêd wêrsto nei werom langest nei in (fiere) fakânsje. It gefoel dat de flage op de tsjerketoer jout.Dêr wêrst berne bist, it reedriden of it keatsen leard hast, dyn earste leafde moete hast. It lân fan de hege loften en de prachtige sinne-ûndergongen. It gea fan greiden, mieden, de bou en it waad. Dyn eigen – of aigen – taal sprekke. Dat is thús yn Waadhoeke!

DOWNLOAD HJIR IT PROGRAM 2022-2026


Romte foar eigenheid

Thús wêze kinne yn in (iepen) mienskip freget om romte. Romte foar minsk, kultuer en lânskip. Romte foar de útsûndering, it eigene. Foar dy eigenheid hat ús partij sûnt de oprjochting yn 1962 striden. Mei troch dizze emansipaasje is it Frysk, binne de Friezen, heger op de ljedder klommen. Mear oandacht foar de taal, de kultuer, it lânskip. Romte om dysels thús te fielen!

De spegel fan ús mienskip

Dat thús is de lêste jierren faker ek in thús wurden foar minsken dy’t net yn Noardwest-Fryslân berne binne. Troch wurk, ferhuzing fanút in oar part fan it lân, flechtelingeproblematyk of arbeidsmigraasje. Sy sizze gauris:

“Wat is it hjir moai wenjen, Waadhoeke is in noflik thús”

Dêrmei hâlde dizze nije ynwenners ús in spegel foar. Dat it hjir goed wenjen isûnderstreket boppedat eardere ûndersiken nei de ‘Fryske paradoks’: Friezen binne lokkiger mei minder. In ferskynsel dat benammen by Noardwest-Fryslân past . Mar wat is minder? De fernijde oandacht foar it plattelân, de regio, set in gemeente as Waadhoeke faker yn it sintrum fan de belangstelling. Waadhoeke is sa’n plattelânsgemeente wêr’t mienskip in wichtich part is fan it deistige libben. Fan persoanlik lok. Net allinnich wichtich foar ús, ek foar oaren. Mienskip as wize fan libjen.

Lytse skaal & de wearden fan it plattelân

In plak wêr’t de skaal lyts is, in plak wêr’t minsken it foaral earst ‘sels’ regelje wolle. Mei werkenberens, ferbining en sosjale gearhing. Mar ek in plak wêr’t wrâldwide ûntwikkelingen net oan foarby geane. Lykas klimaatferoarings, iepen grinzen en útdagings oer nije enerzjyboarnen.Mei ‘Thús yn Waadhoeke’ jout FNP Waadhoeke oan de iene kant de romte oan de eigenheid fan de taal & kultuer, de mienskip en it lânskip. Mar oan de oare kant is it oprop om as gemeente in thús te wêzen.