11 March 2024

Tongersdei naam de ried fan @waadhoeke it bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan Kie 2 yn Frjentsjer oan. Mei in amendemint soarge @fnpwaadhoeke yn oparbeidzjen mei @gemeentebelangen en @SamWaadhoeke derfoar dat de útwreiding fan it yndustrygebiet better ynklaaid wurdt mei mear opgeand grien.

De ynpassingstrook mat minimaal 15 meter wurde wêrfan 10 meter oan strûken en beammen. In goeie lânskiplike ynpassing is wichtich foar de kwaliteit fan ús omjouwing.  In robúste strook bied mear kânsen foar bioferskaat en it tsjingean fan ljochtfersmoarging nei it bûtengebiet. Tegearre mei de griene ynfolling troch it terrein sels fersterken wy it ekologyske netwurk.

De FNP bliuwt harren ynsetten foar ús lânskip en bioferskaat.



Tags: