5 April 2024

Yn de riedsgearkomste fan tongersdei 28 maart gie it lang oer it enerzjylânskip. Dat is net frjemd, want it ûnderwerp is lestich. Seker foar ús as FNP. Us partij wol nammentlik sawol in omskeakeling fan fossile enerzjy nei duorsume enerzjy, as ek behâld fan bioferskaat en behâld fan ús lânskip.

Wêrom in enerzjylânskip?
 Mei it klimaatakkoart fan Parys út 2015 yn gedachten, wol de gemeente Waadhoeke yn 2040 enerzjyneutraal wêze. Dat doel stelde de gemeenteried yn 2020 doe ‘t it de Duorsumensaginda Waadhoeke fêststelde. Enerzjyneutraal betsjut dat yn 2040 de enerzjy dy ‘t wy op dat stuit brûke ek duorsum opwekt wurdt. It besparjen fan enerzjy is dêrby in wichtige earste stap. In twadde stap is safolle moochlik sinnepanielen op dakken lizze om stroom op te wekken. Besparje en sinne op dak sille lykwols net genôch wêze om it doel te heljen. Om dy reden kaam it kolleezje begjin 2021 mei it besprekstik ‘denkrichting energielandschap Waadhoeke’. It idee wie om op ien plak yn de gemeente, yn it grut enerzjy op te wekken en dêrmei fersnippering en ferrommeling fan it hiele lânskip yn Waadhoeke foar te kommen. Boppe dat sil der op dat plak romte makke wurde foar blommen en planten, ynsekten en fûgels. Ek wurdt der tocht oan klimaatadaptaasje troch romte te meitsjen foar de opslach fan skjin wetter. Hiel wichtich foar it tsjingean fan oerlêst troch klusterbuien en ek foar it tsjingean fan fersilting fan de boaium.  Wat de kaders en boustiennen foar sa ‘n lânskip wurde moasten, waard fêstlein yn oktober 2021*. Fan dat momint ôf begûn in ûndersyk nei de ynfolling fan in mooglik enerzjylânskip, mei as ûndersyksfraach ‘is in enerzjylânskip helber, wat it útfieren en draachflak oangiet?’.

It ûnderwerp libbet
Sawn dielûndersiken en tal fan gearkomsten fierder lei it stik no foar yn de ried. Wêr ‘t oare riedsstikken hast ûngemurken passearje, is dat by dit ûnderwerp net it gefal. Doarpsbelangen, ynwenners, enerzjykoöperaasjes en bedriuwen folgje it ûnderwerp sekuer. De publike tribune fan ‘e riedseal siet ôfladen fol. Dêrby joegen ferskate ynsprekkers harren fisy op it ûnderwerp. Dat rûn útien fan de oprop om troch te setten mei de plannen, de enerzjykoöperaasjes mear romte te jaan, as ek de oprop om foaral gjin grutskalich sinnepark oan te lizzen.

Wêr beslút de ried oer?
Hoe begryplik ek de ynbring fan ferskate ynsprekkers wie, wie in definityf ja foar in grutskalich enerzjylânskip net oan ‘e oarder. Fraksjefoarsitter Bert Vollema lei dat út: ‘It docht bliken dat der argewaasje bestiet oer de grutte fan it te realisearjen enerzjylânskip. Guon minsken stelle dat it folsleine ‘zoekgebied’ fan hast 300 hektare follein wurde sil mei sinnepanielen. De FNP-fraksje sil der net yn mei gean kinne, mar …… foar alle dúdlikheid…… dêr wurdt fan’e jûn ek net oer besletten. Der wurdt jûn net besletten dat der in grouwélich sinnepark by Seis- en/of Easterbierrum komt. Wól oan ‘e oarder is in hiel wichtige tuskenstap: Krijt it kolleezje opdracht om te starten mei de folgjende faze fan in gebietsûntwikkelingsproses op basis fan de troch de ried fêststelde notysje ‘kaders en boustiennen enerzjyânskip Waadhoeke’. Dêrneist moat it kolleezje yn gesprek gean mei Tennet en Liander omdat dy partijen ynfestearje moatte yn ús gemeente om de enerzjytransysje útfiere te kinnen. Ús fraksjelid Hans Nauta koe dêr net mei ynstimme. Hy foarsjocht it teloargean fan in wichtich greidefûgelgebiet en ûnleefbere doarpen. No ynstimme mei in tuskenstap betsjut neffens him dat we dan letter net mear tsjin wêze kinne. Hans stimde dan ek tsjin it foarstel fan it kolleezje.

De ried hâld de leie!
Ek de oare leden fan de fraksje hiene it dreech mei it ûnderwerp. Of sa ‘t Vollema it oanjoech: ‘Net tsjinsteande dat we beslute oer in tuskenstap, soarget dit enerzjy-lânskip yn ús partij en fraksje foar in grutte wraksel en holle-brekkens. Want litte we hiel eerlik wêze: Sa’n grutte yngreep dogge we leaver net. Mar wat is dan de keus? Behâld fan it lânskip? Behâld fan it bioferskaat? As it behâld fan de wrâld?’


Binne yn ien gebiet greidfûgelbehear en enerzjy opwek te kombinearjen? Hoe fier giet it ien ten koste fan it oare? En wat is dan mooglik, akseptabel of rendabel? Vollema: ‘Hoe’t disse puzzel foarm krije sil is noch net dúdlik en dat wolle wy mei de folgjende stappen dy’t noch nommen wurde moatte wol ynsichtlik krije, de ried hâld de leie! … Dêrom hat de FNP in tal kaders dy’t we mei-jaan wolle oan it kolleezje foar dat it letter ta útfier fan de plannen komt, dit betsjut dus in ja mei in hiele grutte mits foar de takomst.’

Dy kaders binne:

Ûnder betingsten dy’t meijûn waarden, stimde de fraksje sûnder Hans Nauta, yn mei in folgjende stap yn it proses. Ek SAM en Gemeentebelangen stimden yn, wêrby ‘t ek sy oanjoegen dat pas by in neiere útwurking fan it enerzjylânskip in beslút falle kin oft en yn hokker foarm dit der ek echt komt.

CU, CDA en VVD stimden tsjin it foarstel omdat sy earst de hiele duorsumheidsaginda fan de gemeente Waadhoeke opnij tsjin it ljocht hâlde wolle.

___________________________________________________________________________________Útgongspunten opwek grutskalige duorsume enerzjy

* Yn de duorsumensaginda binne foar de opwek fan grutskalige duorsume enerzjy in tal útgongspunten fêststeld, nammentlik:



Tags: