5 January 2024

De riedsfraksje fan FNP Waadhoeke organisearret sneon 20 jannewaris (fan 14 – 16 oere) de earste temadei fan it nije jier, oer meartaligens en taal. In boeiende, fariearre middei oer meartalich Waadhoeke, en it belang fan ûnderwiis yn é eigen taal.

Meartaligheidskoördinator Gerard de Jong praat oer syn wurk, en de kânsen en útdagings foar ús eigen
talen yn it klaslokaal.

Dirkje Elgersma (NHL Stenden) fertelt oer har wurk as ‘skoalstiper’ by it Biltsk basisûnderwiis.

Kollumnist Jan de Groot lit syn eigen(sinnige) ljocht skine oer it ûnderwerp.

MFC Ons Huis
Beuckelaerstraat 2
St.-Anne



Tags: