28 April 2024

By de ledegearkomste op freed 26 april hawwe wy ôfskied naam fan ús bestjoersfoarsitter Geerling Schippers. Geerling hat besletten om op te hâlden mei it bestjoerswurk foar de FNP. Wol bliuwt er ‘efter de skermen’ aktyf. Op de gearkomste waard Geerling tasprutsen troch Sita van der Meulen, dy ‘t foarearst -oant der in nije foarsitter beneamd wurdt- it stokje fan him oernimme sil. Geerling hat him jierren ynset foar it wol en wee binnen de FNP. Sawol yn de ried as yn it bestjoer. Wy binne him tige tankber foar syn ynset en winskje him sukses mei de plannen dy ‘t er no hat. Genietsje!!

Troch it fuortgean fan Geerling, is der in fakatuere yn it bestjoer ûntstien foar de funksje fan foarsitter. Yn in earder stadium is der in iepen plak fallen foar de fakatuere fan ponghâlder. Dizze funksje nimt Geerling ‘efter de skermen’ foarearst op him. Dus. . . wa hat affiniteit mei in bestjoerlike funksje? Dizze persoan freegje wy om harren te melden by it bestjoer.



Tags: