9 March 2024

Yn Noardeast-Fryslân bart in soad bysûnders. Minsken en groepen dy ‘t in bysûndere bydrage leverje op maatskiplik, sosjaal, ekonomysk, wittenskiplik, sportyf of natuergebiet fertsjinje fanút de gemeente in earepinning. Dêrom hat FNP riedslid Femke Meindertsma in moasje yntsjinne foar de ‘Stjer fan Noardeast-Fryslân’.

De moasje makket it mooglik dat de gemeente yn de takomst in earepinning jaan kin oan minsken of groepen dy ‘t in bysûndere bydrage leverje oan de gemeente. Want minsken dy ‘t de gemeente foarút helpe fertsjinje wurdearring! 

We binne bliid dat de moasje riedsbreed oannaam is! 

De moasje is hjir te finen:

Download de moasje.



Tags: