2 February 2024

FNP Noardeast-Fryslân hat tsjin it plan foar in AZC yn Dokkum stimt. De partij is fan miening dat in nij AZC gjin strukturele oplossing biedt foar de hjoeddeistige problematyk. Dêrneist wol de FNP de útslach fan it draachflakûndersyk net neist harren dellizze. De partij komt mei in alternatyf plan.

De partij hat it kolleezje oproppen om sa gau as mooglik romhertich romte te meitsjen foar statushâlders. Hjirby wol de partij gebrûk meitsje fan tydlike boufoarmen. Op dizze wize wurdt de trochstream fan statushâlders dy ‘t ferbliuwe yn AZC’s mooglik makke. Dêrneist kin dizze oanpak ynrjochte wurde op in wize dy ’t nei aard en skaal is foar Noardeast-Fryslân.

1 febrewaris is de ried ta beslút kaam. Fraksjelieder Fedde Breeuwsma sei it folgjende by It Beslút:

Foar ús leit in kolleezjefoarstel om in ûndersyk út te fieren foar trije lokaasjes yn Dokkum foar in mooglik permanint AZC. Nei oanlieding dêrfan hat de koälysje frege om in draachflakûndersyk. Hoe ‘t je der ek nei sjogge, de útslach dêrfan is dúdlik. Der is gjin grutte stipe foar it kolleezjefoarstel foar in nij AZC.

De FNP sil de útkomst fan it draachflakûndersyk net neist him dellizze. Wy hawwe de minsken om har miening frege en de FNP sil de dúdlike útslach meinimme yn har stânpunt. De partij sil dêrom ek tsjin it foarstel stimme. Mar sa ‘t we ek al sein ha yn it debat: dêrmei binne we der noch net.

Dat Den Haag der in púnheap fan makke hat wit elkenien, mar dêr hat Ter Apel neat oan. It regear hat jierrenlang net regearre op dit ûnderwerp. De wrâld is op in soad plakken út lykwicht. Der wurdt fochten, der is net genôch iten of gjin takomst. Foar in soad minsken is flechtsjen de iennige manier om it fege liif te rêden. Dêrtroch binne der in soad minsken wrâldwiid op ‘e flecht.

Nederlân hat binnen Europa dêryn in taak út te fieren. Nederlân kin dizze taak oan, mits de lêsten net allinnich op de skouders fan Ter Apel lein wurdt. Om it oanmeldsintrum fan Ter Apel te ûntlêsten moatte alle gemeenten meidwaan en har diel pakke. Wa ‘t flechtling of statushâlder is, is hjiryn net relevant, salang ‘t de keten mar ûntlêst wurdt. It tal AZC’s is net it probleem, it probleem is in ferstoppe keten.

De FNP set yn op ekstra ynspanningen om de statushâlders dy ‘t wy noch húsfestje moatte in plak te jaan. Dêrneist wolle wy de statushâlders dy ‘t wy yn 2024 húsfestje moatte sa gau as mooglik in plak jaan. Wy wolle hjirby in kombinaasje meitsje mei starters. In oplossing mei tydlike wenningen hat ús foarkar. Ien húshâlden foar elk doarp smyt sa in kapasiteit fan 200 -250 minsken op.

Op dizze wize wurde statushâlders, dy ‘t no fêstsitte yn AZC’s, út de besteande AZC’s helle. De keten wurdt ûntlêst en makket in humaner belied mooglik. Ek wurdt it foar de statushâlders mooglik om flugger te partisipearjen yn de mienskip. It binne minsken dy ‘t wy nedich hawwe foar de takomstige soarch en lykas starters bydrage kinne oan de leefberens fan de doarpen.

Tydlike bou makket it mooglik om lange prosedueres oer te slaan. Dit is by in regulier AZC net mooglik. Tink hjirby bygelyks oan de flat by de Karwei yn Dokkum. Lit ús foar no earst mar ris foldwaan oan ús besteande ferplichtingen (Noardeast-Fryslân leit 43 statushâlders efter ). Yn 2024 moatte we 126 statushâlders in plak biede. Der binne partijen yn de gemeenteried dy ‘t statushâlders lykwols net mear beskôgje as flechtling en dêr net oer prate wolle.

Foar de FNP is it dúdlik:



Tags: