21 December 2021

It binne bysûndere tiden, dat wit elkenien wol. It liket wol of binne de dagen koarter en tsjusterder as ea.

Wy sjogge hoe’t minsken rekke wurde troch de hiele situaasje, linksom of rjochtsom, en wy fine dat ferskriklik om te sjen.

Wy witte wol, it is net in soad, mar wy winskje jimme dochs, nettsjinsteande alles wat der op dit stuit bard, noflike feestdagen en in sûn en foarspoedich 2022.

Tink goed om inoar, wês inoars waarmte en inoars ljocht…..dat is wichtiger as ea!

In hoopfolle groet fan de FNP Noardeast-Fryslân!



Tags: