30 April 2024

It bioferskaat yn ús lân en ús provinsje stiet ûnder druk. Der binne ûndernimmers dy ‘t har hjir drok ommeitsje. Mark Wierstra is ien fan harren. Hy kweekt lânseigen planten dy ‘t net allinnich de tunen fan partikulierekunne-ferriken, mar ek fan belang binne foar ynsekten. Us riedsleden Dieke van der Pol en Paul de Cock besochten Mark en makken der in ferhaal fan.

‘Wil je een steentje bijdragen en zorgen voor biodiversiteit in je tuin? Kies dan voor inheemse soorten! Wilde bijen, vlinders en vele andere insecten zullen je dankbaar zijn.’
Dizze tekst skreau Mark Wierstra (34) op syn Facebook side “PlantMark” Dronryp. Mark is in befleine kweker fan biologyske túnplanten en dêrby spesjalist yn lânseigen fêste planten. Foarearst kombinearret er syn ambysjes as kweker fan planten noch mei in heale baan as beoardieler “Besluit Bodemkwaliteit” by FUMO.

De tún efter syn hûs is foar in goed part folle mei in kar oan op Grutte Kattesturt (Grote Kattestaart), Miedeknauria (Beemdkroon), Duifkruid (Duivenkruid), Krûpend grien (Kruipend Zenegroen) en Wyldemanskrûd (Wildemanskruid). 24 soarten hat Mark no yn syn assortimint. Graach soe er it oanbod yn soarten ferdûbelje. ’
48 soarten dy ‘t it hjir yn Fryslân poerbêst dogge moat maklik kinne. Dêrfoar moat ik lykwols earst mear romte hawwe. Ik ha in lytsskalich bedriuw dat ik graach útwreidzje wol nei 1.500 kante meter. De lokaasje hjirfoar haw ik al op in terrein by in befreone boer. Op dit stuit leit in túnarsjitekt de lêste hân oan de tekeningen fan de kwekerij. It sil njonken in tunnel-kas ek in blomme greide krije foar siedwinning en in wyn-haag mei dêryn ytbere planten.’

Wapene mei de tekening en syn bedriuwsplan wol Mark op ‘e nij nei de gemeente ta. De earste kear waard it net it sukses wêrop ‘t er hope. ‘Ik fyn it wol lestich, want mei al myn kennis fan de boaiem en plantsjes haw ik gjin kennis fan it omjouwings-loket. Oant no ta ûnderfûn ik noch net dat de gemeente mei my mei tinkt om my fierder te helpen. En it soe moai wêze wannear ‘t de útwurke plannen op stipe fan de gemeente rekkenje kinne.’

‘Myn bedriuw rjochtet him der op dat mear minsken der foar kieze om lânseigen soarten yn ‘e tún oan te plantsjen. Hoe kin ik de gemeente der fan oertsjûgje dat dit foar it bioferskaat yn ús omjouwing fan grutte wearde is en dêrby ek in wichtige oanfolling yn de merk is. Wêrom kinne dingen dy ‘t goed binne foar de wrâld net makliker gean?’

Mark is dúdlik in leafhawwer fan de natuer. Studearre hy earder Wetter & Miljeu oan it “Nordwin” kolleezje, no folget hy (njonken de drokte fan syn húshâlding, wurk en bedriuw) de oplieding “Bosk – en Natuer behear” in “Velp”. `It hat myn ynteresse. Ik wol witte hoe ‘t it sit mei de planten. De oplieding bringt foar my de puzel stikjes byinoar. Ik leau dat wy der no mei ús allegearre te maklik oer tinke en fergetten binne hoe ‘t it moatte soe. Sjoch om dy hinne. Der moat wat barre om de bio-diversiteit en natuer te stimulearjen.’
Hoe ‘t dat kin, kinst yn ‘e praktyk al sjen om Mark syn wenning. Dêr is net alles oanharke en strak meand. Neist in koart meand gersfjild is der ek langer gers dêr ‘t sawol Hûnetonge (Smalle Weegbree) (mei har lange, smelle blêden en kenmerkjende aren) yn stiet as in pear eksimplaren fan de seldsume Gevlekte rietorchis (Hantsjekrûd).

Ek yn syn wenplak Dronryp is de hân fan Mark werom te sjen. As ûnderdiel fan in njoggen koppige wurkgroep makke er ynsekten hotels by de trije basisskoallen, organisearre ekskurzjes, siedde se perselen yn mei krûde mingsels, plante beammen en meande greiden sadat ynsekten as bijen en flinters, der it hiele seizoen iten en skûlplakken fine. Oaren genietsje litte fan de natuer en ynspirearje docht bliken foar Mark in suver ûnútputlike boarne fan enerzjy.

Hast sels ek ynteresse om dyn tún nijsgjirriger te meitsjen foar ynsekten. Bring in besite oan de side fan de “Facebookside” fan Mark foar ideeën.
www.plantmark.frl of
https://www.facebook.com/PlantMarkDronryp/



Tags: