6 March 2024

Woudstra’s pleats.
Us riedsleden Doeke de Jong en Dieke van der Pol binne op besite west by molke fee bedriuw Woudstra’s pleats yn ‘e Mieden by Menaam. Sûnt 2010 wennet Jan Woudstra hjirre. Tegearre mei syn frou Johanneke en twa bern, buorkje sy op in eigen wize mei oandacht foar de omjouwing. Meikoarten kin sy harren sels biologysk neame.

Jan hat net altyd it plan hân om boer te wurden. Sa hat der earst wurktúch boukunde studearre mei in les-foech, dêrnei by Mammoet oant `t wurk west en in soad fan de wrâld sjoen. Noch altyd wurket hy dêr sa no dan yn it ûnderwiis op it MBU by de agraryske oplieding.
Doe de heak om Ljouwert lein waard is syn heit útkocht en fan de buorkerij gongen, en ha se dizze pleats fierderop kocht.

Yn de rin fan de jierren ha se mei syn allen in nij bedriuw opbout mei each foar nije ûntwikkelingen.
Doe wy it hiem opkamen wie Jan nammentlik dwaande mei it meitsje fan in baktearje-mingsel. Dit spuit se dêr yn it strie tsjin de miggen. Dizze goeie baktearjes soarget foar minder rotten, minder ammoniak en in bettere dong.
Resint bin sy begûn mei kompostearje fan bermgers op it hiem foar in sûne boaiem.
Hjir makket Jan ek filmkes fan. Spitigernôch wurdt yn de berms in soad ôffal delsmieten. Hy hat hjir wol in idee foar: “Lit skoalen de berms adoptearje en skjinmeitsje”.

De maatskippij derby belûke en sjen litte wêrom je wat dogge. Dat besiket hy ek troch de learlingen en oaren nei de pleats te heljen, produkten oan hûs te ferkeapjen en yn it foarjier in boarium kursus te jaan. Ek hawwe sy meidien oan it projekt ‘boeren met bomen’. Doe binne der fiede-hagen oanplante rûnom it hiem.
No ynspirearje en helpe se ek oare boeren om hagen ta te passen. Hagen binne net allinnich goed foar de kij, mar ek foar de natuer! En de djip struisel yn `e bosken helpt dêr ek by, krigest mear organyske stof yn de dong.
Neffens Jan moat je ek gjin of sa min mooglik keunstdong tapasse. ”it makket de planten loai en je fiede de boaiem net.”

Jan en Johanneke hawwe in prachtich bedriuw en binne minsken nei de takomst sjogge. Jan jout as tip mei: “Sjoch de regeljouwing as rein en meitsje in paraplu en
sjoch de kânsen. Wy moatte it mei ús allen dwaan en fan inoar learen; biologysk en gongber boeren.”
Fierder ha se neist “Frisian Holstein” kij ek “Angus” kij, omdat dy mei `n soberder rantsoen ta kinnen en goed binne foar in lekkerder stik ferantwurde fleis.

Der is noch safolle mear te fertellen oer dizze nijsgjirrige besite. Foar mear ynformaasje kin jo harren de webside besjen: https://woudstraspleats.nl



Tags: