27 June 2023

It bestjoer fan de ôfdieling Smellingerlân fan de FNP is foar in grut part fernijd.

Op de ledegearkomste fan freed 23 juny is Theun Wiersma keazen as nije foarsitter en is Bjarne van der Kooi beneamd ta bestjoerslid. Beide Drachtsters hawwe der in soad sin oan om mei de oare trije sittende bestjoersleden Sijbren Sijtsma (Drachten), Albert Bosma (De Rottefalle) en Hains Mous (Drachtster Kompenije) fleur en elan te bringen yn de FNP-saak.

De lêste tiid kent de ôfdieling in groei wat it tal leden oanbelanget. It bestjoer is him no oan it berieden op mear aktiviteiten om dizze positive ûntwikkeling troch te setten mei as stip op de hoarizon de gemeenteriedsferkiezingen yn 2026.

Op de foto fan links nei rjochts: Hains Mous, Sijbren Sijtsma, Theun Wiersma, Albert Bosma en Bjarne van der Kooi.



Tags: Bestjoer