12 May 2024

Juster wie in delegaasje fan FNP Ljouwert (besteande út Lyda, Janneke en Bauke Beert) op wurkbesite yn it moaie Jirnsum.

Wy waarden ûntfongen troch Tineke en Engbert fan it Plaatselijk Belang. Nei in petear oer ferkear, wentebou en evenminten en in bakje kofje by De 2 Gemeenten – Jirnsum binne wy op ‘e fyts(en) dy’t foar ús klear stiene it doarp yngien. Sa krigen wy ferskate nijsjirrige plakjes te sjen, bygelyks de nije boarterstún en de jachthaven mar ek situaasjes dy’t aksje en omtinken beleavje sa as de brêge Ald Skou en ferskate ferkearssituaasjes.

Hjirby wolle wy tank sizze oan Tineke en Engbert foar in moaie tocht troch dit moaie doarp.



Tags: