29 April 2024

Ferline wike sprong FNP Ljouwert yn de bres foar de organisatoaren fan de muzykeveneminten op Keningsdei. Meardere partijen joegen oan dat sy muoite hawwe om de finânsjes rûn te krijen. U.o. de organisaasje fan it Leeuwarder @muziekplein fielde him twongen om in entreepriis te freegjen.

Ien fan de redenen: in boekwurk oan fergunningen en € 3.700 oan leezjes, goed 24 x safolle as by de earste edysje yn 2008.

Soarchlik, fynt FNP Ljouwert. Op dizze wize wurde sokke eveneminten te djoer foar minsken / gesinnen mei in lytse beurs. En dat wylst der op Keningsdei sels in artikel yn de LC ferskynde wêryn ‘t it kolleezje grutsk fertelde dat de gemeente Ljouwert der finansjeel goed foar stiet: “€40 miljoen ekstra foar ûnder oare kultuer!”. Dy 2 saken kin FNP Ljouwert net rymje. It lêste wurd is hjir dan ek noch net oer sein!



Tags: