24 April 2024

Hy ried mannich boargemaster om, der stie altyd in bakje kofje (mei in gigantyske koeke) klear en hy soarge foar in waarme ûntfangst op it Stedhûs. En dat 47 jier lang! Hjoed naam kolleezje en ried ôfskied fan ús boade André Rietveld. Hy giet mei pensjoen.

André, tige tank foar alles! Wy sille dy misse.



Tags: