18 April 2024

Hjoed hat Pointer KRO NCRV it artikel publisearre oer de asylsikers dy’t mooglik opfongen wurde ûnder de reek fan de Ljouwerter Fleanbasis. In bespotlik idee, fynt FNP Ljouwert. Ek omwenjenden binne it net iens mei dit plan. FNP hat nau kontakt mei de buurtbewenners, dy’t al oanjûn ha dat se nei de Raad van State stappe wolle om dizze kwestje oan te kaarten. FNP Ljouwert is it folslein iens mei de bewenners fan de Troelstrawei.

Dêrneist fynt FNP Ljouwert dat it kolleezje mear foar de ynwenners fan de gemeente opkomme moat as it giet om lûdsoerlêst fan de fleanbasis. It feit dat dat der mooglik huzen sloopt wurde moatte yn de omlizzende doarpen falt wat ús oanbelanget net goed te praten. En it falt al hielendal net te rymjen mei de mooglike bou fan in AZC, noch gjin kilometer fjirderop.

FNP Ljouwert is bliid dat dit ûnderwerp no lanlik omtinken krijt. It folsleine artikel fynst hjir. Ek is der jûn in útstjoering fan Pointer KRO NCRV, om 20:25o. op NPO 2.



Tags: