15 April 2024

Yn de Harmonie wie der fannejûn in ynformaasjegearkomste oer Eveneminten. Troch ferskate sprekkers waard de seal mei û.o. organisatoaren fan eveneminten ús gemeente op ‘e hichte brocht fan de meast resinte ûntwikkelingen op it mêd fan eveneminten. En wy krigen in weromkeppeling oer in enkête dy ‘t resintlik holden is ûnder organisatoaren. In lytse greep út de konklúzjes: de oanfraachtermyn foar lytsere eveneminten moat koarter en it oanfreegjen fan subsydzjes moat ienfâldiger. 💶📂

Evenemintenkoördinator Sjors Reekers fertelde wat der de kommende jierren allegear barre sil wat eveneminten yn de gemeente Ljouwert oanbelanget. Eva van Netten fan Groenn sleat de byienkomst ôf mei tips om in evenemint te ferduorsumjen. 🍃

Oan de ein wie der in ôfslutend slokje wêr’t de besikers mei-inoar yn petear koe en fragen stelle koe oan it Evenemintenloket.



Tags: