13 April 2024

Fannemoarn wie in delegaasje fan FNP Ljouwert op wurkbesite yn it moaie Hilaard. Yn it petear oer wat goed giet en wat better kin, wurdt al gau dúdlik dat de saken yn Hilaard eins wol op roltsjes rint. Der sit in Doarpsbelang dat goed op de hichte is fan alles wat der yn it doarp spilet en wat it doarp nedich hat en der binne in hiel soad frijwilligers dêr’t se op bouwe kinne. En dat docht ek bliken as wy nei it gesprek in kuier troch it doarp meitsje: Hilaard hat har saken goed op oarder!

Dochs binne der ek saken dy’t better kinne, fine se. Sa lit de kommunikaasje fanút de gemeente somtiden te winsken oer. Ek is der in tal fan ferkearssituaasjes dat omtinken nedich hat, fynt it Doarpsbelang. Yn it koart: in goeie wurkbesite yn in moai doarp en genôch input foar FNP Ljouwert om oan de slach te gean!



Tags: