19 December 2023

Ofrûne ynfo jûne 20 novimber 2023
Op 20 Novimber 2023 hat de FNP fraksje kennis naam fan it wenningbou plan De Frosk yn De Westereen. Wy hawwe hjir sa ús fragen by. Foardat we mei ús miening komme, komt der earst eefkes in situaasje skets.

De starters op de wenning merke
It is jo fêst net ûntgien, de wenning merke sit op slot. Starters dy’t net mear starte kinne, en ús âlderein dy’t net mear in “lytser plakje” fine kinne. It is dreech om hjoed in “goedkeap” wenplak te finen yn ús gemeente. Ien fan die redenen komt ek troch de lien kapasiteit fan de starters. De situaasje is sa dat wannear jo as allinnich steande starter de wenning merke op giene mei in bruto modaal jier ynkommen fan sa’n €38.000, hawwe jo neffens it NVM in lien kapasiteit fan sa’n €159.000. (NVM, 2023) Dit betsjut dat jo lanlik oanspraak meitsje kinne op sa’n 3% prosint fan de wenningen yn Nederlan. In startersstelsje stiet er dan wol wer better foar neffens it NVM, wannear jo te tegearre in bruto jier ynkommen fan sa’n €76.000 hawwe, sil de lien kapasiteit sa’n €358.000 wêze. (NVM, 2023) It NVM meldt dat yn it ôfrûne fearnsjier de gemiddelde wente priis yn Noard Fryslan op sa’n €302.000 lei. Dit hâldt konkreet yn dat de posysje fan de allinnichsteande starter bot ûnder druk stiet. Ek litte mienskiplike ûntwikkelingen sjen dat der hieltyd mear allinnichsteanden komme.

Wenningbou plan De Frosk
De gemeente hat it plan om sa’n 25 oant 31 wenten te bouwen by de Frosk en it âld parkearplak fan de Frosk. It is de bedoeling om 5 senioaren wenten te bouwen en de rest starters. De gemeente joech oan dat se bouwe wolle foar “minsken mei in lytse beurs”, omdat ek in soad starters hjir ûnder falle. It giet hjir om allinnich keap wenten dy’t in priis ha sille tusken de €220.000 en €270.000, en foar dy priis hast gjin kante meter eftertún. It giet hjir om in “Rug aan Rug” konsept, wenten dy’t oan elkoar fêst bout binne. Dernjonken is it ek noch ris sa dat iderien op in type wenning ynskriuwe kin, dus senioaren op starters wenningen en starters op senioarewenningen.


It plan
De hiermerke komt hieltyd mear ûnder druk te stean, net frjemd neffens ús. Hierwenten binne op dit stuit finansjeel tagonkliker dan keapwenningen. De FNP is dan ek fernuvere dat de gemeente seit, dat wenningen mei in priis fan sa’n 220.000 oant 270.000, sûnder eftertún, wenningen binne foar de “lytse beurs”.  Wy snappe dan ek net foar wa’t dizze wenningen bedoeld binne, want ek in soad studinten/starters hawwe hjir ek net safolle oan neffens ús. It is skande om te sjen dat in stikje grûn sa as dit op sa’n ferkearde wize ynfoldwurde sil. Dit is in wer sa’n moaie lokaasje foar starters bygelyks. It winkelsintrum sit yn de buert, sport gelegenheden en fansels de “treen” foar de studinten steden Ljouwert of Grins. Derneist moat der ek noch sein wurde dat dit noch net alles is, want de gemeente sil yn petear mei boubedriuwen, It is hjir troch noch net wis wat foar soart wenningen der komme. It kin ek mar sa wêze dat de priisklasse fan de wenten hiel oars wurd. It liket ús folle better ta, dat de gemeente net allinnich yn petear giet mei “ferkeapers” mar ek mei “ferhierders” om sa in miks fan wenten bouwe te litten.

Jouke Jan Postma

Riedslid FNP Dantumadiel



Tags: wenningbou wentebou