11 June 2023

De gemeenteried fan Dantumadiel hat by mearderheid (de koälysjepartijen) keazen foar it selsstannich bliuwen fan de gemeente en net oan te sluten by Noardeast Fryslân. De FNP is net bliid mei de ûntstiene sitewaasje en is fan miening dat de kâns op súkses hjirfan nihil is en it is in utopy. Sa stiet yn in earder stik op dizze side. Ûnderwilens hat Noardeast de gearwurking opsein en moat Dantumadiel op 1 jannewaris 2024 alhiel op eigen fuotten stean. Der sil yn in jier tiid in folslein nije organisaasje optúgd wurde moatte. Ek sil der wierskynlik nije materialen, in weinpark foar gemeentewurken en buro-ynventaris komme moatte.

By de algemiene skôgings op de begrutting fan 2023 frege de FNP hjir nei, want wy meitsje ús grutte soargen. Op dit stuit is der in amtner dwaande mei it opsetten fan in “organisaasje profyl”. Yn dit profyl stiet hoe de organisaasje der út sjen sil.

Wy ha in soad twifels oft it wol slagje sil om in kompleet nij amtnerkorps yn tsjinst te krijen op 1 jannewaris 2024. Dat is hiel koart dei. Der is op dit stuit in grut tekoart oan minsken en it liket oft de minsken net by de gemeenten wurkje wolle en in oare kar meitsje.

Om net foar in ferrassing te stean oan de ein fan 2023 frege de FNP om in go-no-go momint. Men kin yn de rin fan 2023 ek ta de konklúzje komme dat it net helber is. De arbeidsmerke en de fergrizing meitsje it tige lestich om alles yn te foljen. Dan moatte jo ek tajaan dat it net slagje sil. Wy kinne it der net op oan komme litte om yn 2024 los fan Noardeast te stean en gjin amtners te hawwen. De réaksje fan it kolleezje hâlde net oer. It go-no-go momint wie al west, sei er. Hy gie dêrby foarby oan it wol as net slagjen fan de grutte opjeften foar 2024. De wethâlder seach ek wol de tûkelteammen en moast tajaan dat der noch in hiele protte wurk te dwaan is. Mar de hoop is dat we de einstreep helje, sa sei er. We geane dus 2023 yn “op hoop van zegen”. Dat is ús te min. Wy kinne net op de gok fierder en fine dat der uterlik yn septimber dúdlikens wêze moat oft it slagget om alle fakatures yn te foljen. En dêrnjonken yn alles klear te wêzen foar in kompleet nije start yn 2024.



Tags: