11 June 2023

Eefkes werom yn de tiid. It âlde oerwurk fan de tsjerke fan Driezum waard yn 1924 boud troch de firma Eysbouts út Asten en hat tsjinst dien oant yn de 80er jierren. Doe is der in nij elektrysk oerwurk pleatst. It âlde oerwurk is opkalefatere troch de hear Bosgraaf en hat mear as tritich jier as pronkstik stien by de âldheidkeamer Dantumadiel. Begjin 2022 hat de boargemaster mei it bestjoer fan de âldheidkeamer oerlis hân. Neit der wat plooien glêd strutsen wiene is it oerwurk yn hannen kaam fan de gemeente mei as doel om werom pleatst te wurden yn de toer. It âlde oerwurk waard tydlik opslein by gemeentewurken. En dêr bleau it stean, want der wie gjin budzjet om it wer by de tiid te krijen. Der moat wol ien en oar oan fermakke wurde, mar dan kin it werom yn de orizjinele funksje. Wat soe it moai wêze as sa’n âld stik fakmanskip as kultureel erfguod werom komt yn de toer.

Yn in gearkomst fan de ried kaam de FNP mei in amendemint om hjirfoar € 20.000,- út te lûken. Der leit in offerte fan € 16.000,- (eks BTW) Dan wurdt it alhiel neisjoen en kriget it ek in automatysk opwyn systeem. De réaksje fan wethâlder Wiersma foel tsjin. Hy sette nochal wat fraachtekens by de haalbaarheid en joech de foarkar oan it nije oerwurk yn stee fan it âlde. Mar dochs die hy de tasizzing dat hy yn oerlizze soe mei de amtners oer de “haalbaarheid en wenselijkheid”. Koart sein komt it hjir op del, hy wist net fan de aksje fan de boargemaster en fan it bestean fan it oerwurk. Hy wist dúdlik net wêr de bingel hong. En de boargemaster hâlde him stil!

No is it mar te hoopjen dat de amtners de wethâlder oertsjûgje kinne fan it belang fan it âlde oerwurk en dat der no aksje ûndernommen wurdt. De FNP hat it amendemint nei de tasizzing fan de wethâlder ynlutsen, mar sil de finger oan de pols hâlde. Yn 2014 is in âld oerwurk werom pleatst yn de toer fan Dantumawâld. Dit oerwurk wie noch âlder, nammentlik fan 1875. Ek hjir wie it mear as 30 jier fuort west. It is doe troch de gemeente kocht út de neilittenskip fan in partikulier en werom kommen yn de toer.



Tags: