11 June 2023

In soad berjochten berikke ús partij oer it fenomeen ” te smelle fytspaden “. Wy kinne dit wol ûnderstreekje. In soad fytsers fine it beëangstigjend om inoar te passearjen op in te smel fytspaad. Benammen hawwe de âldere fytsers hjir bot lêst fan. Sûnt de opkomst fan de elektryske fyts nimt it oantal en âlderdom fan de fytsers ta. De gemeente hat op it stuit wer wat mear finansjele mooglikheden. Dit wie mei de reden om yn de begruttingsgearkomste in amendemint, in foarstel dus, om in bedrach beskikber te stellen foar de ferbreding en ûnderhâld fan de fytspaden. Dit amendemint is nei in tasizzing fan wethâlder Wielstra om mei konkrete plannen te kommen mei in ûnderboud kosteplaatsje foar it ferbreedzjen fan de te smelle fytspaden. It stribjen fan it kolleezje is om dit yn it 1e fearnsjier fan 2023 leverje te kinnen. Wy sille dit fansels skerp yn ‘e gaten hâlde. We hoopje dat oan ús winsk om de fytser bliid te meitsjen yn 2023 in begjin makke wurde kin. Hoe earder hoe better.



Tags: