11 June 2023

De FNP wie yn tsjinstelling ta de koälysjepartijen net bliid mei it berjocht dat de amtlike fúzje mislearre wie en de gearwurking mei Noardeast-Fryslân beëinige wurde sil mei yngong fan 1 jannewaris 2024. Dit sil neffens de FNP spitigernôch, it ein fan de gemeente Dantumadiel betsjutte. Spitich omdat in part fan de gemeenteried, om it noch myld út te drukken, net de tûkste karre makke hat om fierder te gean sûnder in eigen amtlike organisaasje. Dit part fan de ried hat him letter ek net altyd like konstruktyf en posityf opsteld nei dizze organisaasje. De FNP hat doe dúdlik warskôge dat gemeente Dantumadiel nettsjinsteande driigjende foarsizzingen wol sterk genôch wie om fierder te kinnen mei eigen amtners, lykwols mei wat gearwurking op terreinen dêr ‘t wy yn de problemen soene komme kinne. De FNP wie doe iennige partij dy’t it útspruts de gemeente behâlde te wollen sa’t it wie. In dúdlike posysje dus tsjin de komst fan in amtlike fúzje. De FNP hat noch warskôge foar de risiko’s fan it jildslinende trajekt, de oanstjoering troch meardere kolleezjes en in kâns dat it op de ein dochs noch in fiasko wurde kin. De FNP hat it sels noch it ûntstean fan in amtlik gedrocht neamd. Op dat stuit wie it stânpunt fan de FNP dúdlik: gjin amtlike fúzje. Dan mar nei ien gemeente yn Noardeast-Fryslân! De bestjoerlike fúzje. Spitigernôch besleat de mearderheid dochs te kiezen foar in amtlike fúzje. Fan doe oant no ta hat de FNP altyd besocht om der dochs wat fan te meitsjen en hat him dan ek hieltyd konstruktyf opsteld.

No’t de gemeente Noardeast-Fryslân besletten de gearwurking mei Dantumadiel te beëinigjen en de stekker per 2024 der út te lûken, docht bliken dat ús tryste foarsizzing dochs werklikheid wurdt. Dit beslút is foar de FNP dan ek gjin ferrassing. It negative byld dat benammen de partijen (dy’t foar in fúzje keazen hiene) strielen rjochting de amtlike organisaasje en de gemeente Noardeast-Fryslân, hat gjin positive rol spile. Noardeast-Fryslân wie mei it modder smiten wol klear. En terjocht! It beslút hâldt yn dat as de gemeente selsstannich bliuwe wol der, yn twa jier, in folslein nije organisaasje út de grûn stampt wurde moat. De hjoeddeiske koälysje tinkt wol samar efkes in eigen moderne, slachfeardige en winskbere organisaasje opbouwe te kinnen en op ûnderdielen gearwurking sykje te kinnen mei oare gemeenten en oerheidsorganisaasjes.

De FNP is net sa bliid mei de ûntstiene situaasje en dielt dus ek in hiel oare miening. Neffens de FNP is de kâns op súkses hjirfan nihil en is it in utopy. Der is op dit stuit al in krapte op de arbeidsmerke. Wêr fynsto tsjintwurdich noch genôch, en ek noch kwalitative,amtners om de eigen organisaasje foarm te jaan? Neffens de FNP is de slachingskâns fan dizze operaasje nihil. Ek sille oare organisaasjes net mei iepen earms op Dantumadiel sitte te wachtsjen. Der sille ek wierskynlik de nedige materialen, weinpark, ICT, etc, etc, oernommen of op ‘e nij oankocht wurde moatte. Ek de fraach hoe ‘t it komt mei de húsfesting is in grut fraachteken. Al mei al sil it selsstannich bliuwe in soad jild kostjen gean. Ek troch de beheinde finansjele mooglikheden fan Dantumadiel is it neffens de FNP gjin helbere kaart. Wy meie ús boargers dêrfoar yn alle gefallen net betelje litte.

Hoe moat it dan wol neffens de FNP?

De kâns om selsstannich te bliuwen is al lang foarby en is no echt gjin opsje mear. De iennige ferstannigerealistyske en de goedkeapste oplossing is de ferhâlding mei Noardeast-Fryslân te ferbetterjen en tegearre de dyk glêd te striken nei in fúzje. Nei ien wurkjouwer mei in grut part fan de hjoeddeistige organisaasje. Ien gemeente betsjut minder wurk en der binne dus minder amtners nedich en dus ek minder kosten! Ek it fierder gean mei ien kolleezje en ien gemeenteried sil in grut foardiel opsmite. Hokker gefolgen hat it opheffen fan Dantumadiel foar de ynwenners? De boarger sil der neffens de FNP net folle fan fernimme. Op strjitte sille deselde minsken fan de gemeente wurkje en sichtber wêze mei it no ek al hearskjende logo fan de gemeente Noardeast-Fryslân. De tsjinstferliening wurdt ek útfierd troch deselde amtners. Ek alle kontakten sille mei deselde minsken ferrinne as no ek al it gefal is. Belied en belestingdruk binne al sawat gelyk.

Konklúzje is eins ûngefear allinnich dat we oare bestjoerders krije.

As de nije bestjoerders der yn de takomst mar foar soargje dat de nije ynwenners optimaal betsjinne wurde, is der dochs neat oan de hân? It iennige ferskil sil dus wêze dat we dan net mear yn Dantumadiel wenje, mar yn Noardeast-Fryslân. De FNP tinkt net dat it in grut probleem wêze sil. De ynwenner sil it no dochs net sa gau yn tsjinstelling ta “ik bin grutsk op myn wenplak” ha oer “ik bin grutsk op Dantumadiel”. Enerzjy stekke yn it ûndersykjen fan oare opsjes fan bygelyks weryndieling fan Dantumadiel of it opnij útfinen fan Dantumadiel is neffens de FNP weismite tiid en foaral jild. De takomst fan Dantumadiel sil fansels in wichtich ûnderdiel wurde by de kommende gemeenteriedsferkiezingen yn maart 2022. De FNP hopet jo wat mear dúdlikheid oangeande “Dantumadiel” bean te hawwen.

Wy advisearje jo om jo kar net tefolle te basearjen op emoasje, mar dat jo op basis fan realiteit in ferstannige kar meitsje sille. Stimme dêrom FNP!

De FNP sil yn alle gefallen harren stjonkende bêst dwaan bliuwe foar it wolwêzen fan de boargers yn Dantumadiel en/of hooplik letter fan de boargers yn Noardeast-Fryslân.



Tags: