26 February 2024

Yn de fraksje fan FNP Dantumadiel hat him in feroaring foardien. Jari Weistra, dy’t sûnt 2022 tegearre mei Ferry van der Ploeg yn de fraksje fan de FNP aktyf wie, hat besletten syn funksje as riedslid del te lizzen fanwege oanhâldende sûnensproblemen. Ferline jier hie er al om deselde reden it riedswurk oerdroegen oan Jouke Jan Postma, dy’t doe aktyf wie as stipefraksjelid.

Jouke Jan Postma sil op tiisdei 27 febrewaris offisjeel beëdige wurde as riedslid yn de gemeente Dantumadiel. Jari Weistra sil lykwols belutsen bliuwe by de regionale polityk en sil de funksje fan stipefraksjelid beklaaie. It bestjoer fan FNP Dantumadiel sprekt har tank út oan Jari Weistra foar syn ynset as riedslid en winsket him in soad sukses yn syn nije rol. Lykris winsket it bestjoer Jouke Jan Postma in soad sukses ta yn syn nije funksje as riedslid.

Mei dizze ferskowing bliuwt de kontinuïteit fan de fraksje garandearre. It bestjoer fan FNP Dantumadiel beklammet de belutsenheid en winsk fan beide manlju en sjocht út nei harren fierdere ynset foar de lokale polityk.

Út namme fan it FNP bestjoer,
Jurjen de Haas (foarsitter)



Tags: Fraksje FNP Dantumadiel