14 June 2023

Hert foar syn kij as de natuer yn it lân

Fraksjeleden Dieke van der Pol en Doeke de Jong binne by melkfeehâlder Frans Zeinstra op Getswerdersyl lâns west. Hjir melkt hy sa’n 100 kij en hat dernjonken noch 50 stiks jongfee. Hy buorket aardich ekstinsyf op 66 hektare.

“Trochsette, nettsjinsteande de regels” (Frans Zeinstra)

Wat dizze boer sa bysûnder makket is syn passy. Frans hat hert foar sawol syn kij as de natuer yn it lân. Dat hy it net foar de subsydzjes docht, blykt wol as hy fertelt dat der dit jier foar it earst in fergoeding krijt foar saneamde ‘vogelakkers’. 

Foar dy tiid hold hy ek al rekken mei fûgels, mar krige hy der gjin fergoeding foar. Sa hat hy ‘in leechje’ wêr it wetterpeil omheech brocht is. ‘As it lân fol briedende fûgels sit, dan lit ik it gewoan gewurde.’

Dy fûgels binne ljip, strânljip, skries, tjirk, ljurk, piipljurk, lytse wilster en giel boumantsje. Hy sil no ek oan de slach mei it kruniger meitsjen fan in perseel en ynsiedzje mei in mingsel foar fûgels. No wol mei kompensaasje.

Mar werom net earder? ‘It is te burokratysk. Der komt heel wat administraasje by sjen en dêr rinne je maklik yn fest.’ Miskien soe sels biologysk wol by him passe jout er ta, mar om de regels sjocht hy dit net sitten.

‘De ferkearde dingen wurde stimulearre. Yn plak fan in fergoeding foar it kruniger meitsjen, wurde fergoedingen jûn fan 60% om te draineerjen.’ Hy hie dit leaver oarsom sjoen. Ek it gebrûk fan keunstdong begrypt der net. Hy brûkt al in heel lyts bytsje, mar soe der wol fan ôf wolle. At der mar mear stront op it lân mei. Op it stuit moat der dong ôffierd wurde wylst der tagelyk keunstdong it hiem op komt.

Frans syn oprop oan de gemeente is dat ek dêr it wolris wat flotter en begrypliker gean mei. Sûnt koart hat hy sa’n lyts wynmûntsje op it hiem. ‘De gemeente die nochal dreech oer in fergunning hjirfoar’. Derneist giet it hekkeljen net altyd goed. It komt foar dat de gemeente in daam fernielt, de boer hat de daam yn eigendom en moat it mar oplosse.’

It is spitich om te hearen dat in boer as Frans dy fan himsels motivearre is om him yn te setten foar it bioferskaat, tsjin in muorre op rint. FNP Waadhoeke sjocht graach dat boeren lykas Frans, dy ‘t omskeakelje wolle nei in mear biodiversere wize fan boeren, fasilitearre wurde, want úteinlik jouwe sy hannen en fuotten oan de rjochting dy ‘t we as mienskip op wolle.



Tags: Natuur