7 April 2024

Freed 5 april wie Lyda Veldstra fan de FNP Fraksje Ljouwert oanwêzich op de jiergearkomste fan Pleatslik Belang fan Idaerd, Eagum en it hoflân.

It yn 1918 oprjochte Pleatslik Belang hie harren leden wer útnûge yn it smûke ” Lokaal” in Idaerd.

Neist de fêste punten, sa as notulen, finansjeel ferslach, beheerskommisje, technyske-aktiviteiten, bern- en grienkommisje, is it dochs altiten wer in hiele toer om alle saken alle jierren wer op in rychje te krijen, grut respekt foar de frijwilligers dy’t dat altiten wer foar elkoar krije.

De leden wiene net hielendal tefreden hoe it doarp Idaerd der hinne leit, minne stoepen en bestrating en yn Eagum leit de walbeskoeing der net folslein yn, PB sei ta dat sy meikoarten in doarpskou organisearje soene mei de gemeente.

Ek oer it meldingnûmer 14058 wiene klachten.

Nei it skoft hâlde Wybo Palstra noch in praatsje oer enerzjy en de doarpsmûne.



Tags: