Aard, skaal en karakter

Ferkiezingsprogramma FNP Hearrenfean 2022-2026

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan ús moaie gemeente. De FNP is selsstannich en de FNP kin yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan de gemeente Hearrenfean. (De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen)

Dus net alles grutter, anonimer en ôfstanliker en gjin skaalfergrutting yn it iepenbier bestjoer, de rjochtspraak, it ûnderwiis, de soarch, plysje en brânwacht.  De FNP stiet foar in polityk en bestjoer dy’t ticht by de mienskip sit en har der net fan ferfrjemdet. 

As gemeente Hearrenfean moatte we hjirby útgean fan de eigen krêft. In gemeente dy’t ekonomysk ien fan de sterkste gemeenten fan Fryslân is. Dit moat en kin ek sa bliuwe, mar neffens de FNP moatte alle ynwenners fan de gemeente hjir fan profitearje kinne. Op sosjaal gebiet mar ek wannear we sjogge nei sport en kultuer. 

Ek moat elke ynwenner fan ús gemeente kâns ha op in wenning. 

As gemeente Hearrenfean moatte we ynvestearre mar dan wol mei it útgongspunt dat altiten sjoen wurde moat nei de aard, de skaal en it karakter fan ús omjouwing. Elkenien moat him of har  hjir dan ek thús fiele kinne mar dan wol mei omtinken foar wenjen, ús wize fan libjen, ús lânskip en ús taal en kultuer.

Programma_2022_frl_compressedDownloaden