3 July 2024

Under it motto ‘Lette Lunch op Landgoed Groot ter Horne’ is der op sneon 13 july foar eltsenien dy’t dat wol, de mooglikheid ta in rûnlieding op it op ‘e nij ynrjochte Landgoed Groot ter Horne yn Bitgummole.

Nei de ûntfangst fan 12.30 oere ôf mei kofje, tee, sop en broadsjes, wurde jo mei in yntroduksje troch de inisjatyfnimmers, meinommen yn de ûntsteansskiednis en de rehabilitaasje fan it lângoed. Yn de deropfolgjende rûnlieding kinne jo ien en oar sels besjen.

Dernei hâldt Johannes Bakker in lêzing oer CO2L Farming en regenerative lânbou. Syn lêzing wurdt oanfolle troch de pachters fan Landgoed Groot Ter Horne, de hearen Jan Woudstra en Johan Dankert.

Ta beslút is der rûn 15.30 oere gelegenheid ta in gesellige neisit mei in drankje en in flaubyt.

It adres fan it lângoed is Bosk 2-a te Bitgummole en eltsenien is fan herte wolkom!

Wa’t alfêst mear witte wol oer it lângoed yn wurding, kin sjen op de webside https://www.grootterhorne.nl

Dizze temamiddei is in inisjatyf fan de riedsfraksje fan de FNP yn Waadhoeke.



Tags: