5 July 2024

Mei de oannommen moasje fan de FNP, Gemeentebelangen, VVD, BVNL en de PvdA binne de foarkarslokaasjes fan it azc yn Dokkum fan tafel. De partijen dy ‘t de moasje yntsjinne hawwe wolle no dat der in ûndersyk útfierd wurdt om te sjen hoefolle statushâlders de gemeente in plak jaan kin. Foar de koälysje wie dit dossier in frije kwestje. De FNP fynt it spitich dat koälysjepartner S!N dêrom no dochs út de koälysje stapt. De FNP beried him no op it ferfolch.

Moasje statushâlders

Foar de FNP is it wichtich dat der harke wurdt nei de mienskip, ús ynwenners. Dy fertsjinje dúdlikens. It draachflakûndersyk foar in azc wie dúdlik, yn de gemeente is der net in soad stipe foar in permanint AZC.  Dêrom hat de FNP altyd pleite foar it ophâlden fan it ûndersyk foar in foarkarslokaasje foar in azc yn Dokkum.

De FNP rint lykwols net fuort foar de ferantwurdlikheid om minsken yn need te helpen. Dêrom is keazen om in moasje yn te tsjinjen dy ‘t opropt ta in ûndersyk om te sjen hoefolle statushâlders de gemeente húsfestje kin. Trochmiddel fan de moasje harket de FNP nei de mienskip en it draachflakûndersyk, mar nimt de partij ek har ferantwurdlikheid foar de opfang fan minsken yn need.

Druk op ‘e asylketen

Statushâlders binne asylsikers dy ‘t yn Nederlân bliuwe meie. Sy meie fan in azc ferhúzje nei in hûs. Op dit stuit binne der yn Nederlân te min huzen en sitte der yn de azc’s mear as 20.000 statushâlders. Hjirtroch rint de asylketen fêst. De asylketen wurdt ûntlêst as der sjoen wurdt nei bygelyks fleksibele wenningbou foar statushâlders. Hjirtroch wurdt der yn de besteande azc’s romte kreëarre en wurdt de needsaak foar nije azc’s fuorthelle. Statushâlders hawwe deselde rjochten en plichten as elke boarger yn Nederlân. Sy kinne meidwaan oan ús mienskip en in bydrage leverje oan Noardeast-Fryslân. Ek dêrom kiest de FNP foar in fokus op statushâlders.

Koälysjebreuk

De FNP fynt it spitich dat S!N besletten hat om út de koälysje te stappen. De koälysjepartners hawwe doetiids ôfpraat dat it azc-dossier in frije kwestje wêze soe. De koälysjepartijen hawwe dit beslút doetiids naam omdat it koälysje-akkoart op dit ûnderwerp ûndúdlik is. In frije kwestje betsjut dat elke partij in eigen stânpunt ynnimme mei en dat alle partijen inoars stânpunt respektearje. Dat it foar S!N nea in frije kwestje west hat fynt de FNP spitich. Foar de FNP is it dúdlik dat S!N hjiryn nea transparant hannele hat.

S!N kiest der no foar om de stekker derút te lûken. De reden hjirfoar is foar de FNP folslein ûnbegryplik. De FNP hie graach sjoen dat dit oars rûn wie.

Op dit stuit riedt de FNP him ta op de ferfolchstappen.

Mear ynformaasje oer ús stânpunt fine jo op: FNP Noardeast-Fryslân: Voor de opvang van Statushouders, tegen een permanent AZC – Noardeast-Fryslân Noardeast-Fryslân



Tags: