Justermoarn kaam fia ferskate media it berjocht binnen oer in autobrân by it hûs fan Buma. Letter dy dei waard it dúdlik dat it om brânstichting gean soe: de auto fan ús boargerheit is mei opsetsin yn ‘e brân stutsen. En sa’n berjocht giet net yn de kâlde klean sitten by mannich politisy. Yn de media is skokt reagearre oer dizze leffe died.
FNP Ljouwer fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga en kollega riedslid Van der Galiën dogge harren ferhaal hjoed by Omrop Fryslân. Lês it folsleine artikel hjir.