7 June 2024

Tiisdei binne Edward en Hinke nei de ynrinjûn west yn Netwerkcentrum De Klomp, wêr’t ynformaasje jûn waard oer de plannen foar de ynfolling fan it âlde Cambuurterrein en de buurt der omhinne. De opkomst wie goed en de minsken hienen alle tiid en romte om fragen te stellen en te reagearjen. De plannen sjogge der ambitsjeus út mei in soad romte foar grien, blommen en bioversiteit, mar foar de ynwenners fan dizze wyk is it ek tige wichtich dat de wyk feilich, tagonklik en fijn bliuwt om yn te wenjen , ferbliuwen en om te rekreëarjen. Wy hoopje dan ek dat de projektgroep de mienskip goed meinimme sil yn fierdere útwurking. FNP Ljouwert sil dit moaie plan ferwachtingsfol folgje.



Tags: