18 November 2023

Op útnûging fan de gemeente Ljouwert ha wy juster as FNP Ljouwert foar de tredde kear by in ynwennersjûn west dy ‘t gie oer it eventuele oantinken fan it Sint Vitusplein yn Stiens. Hoe gemoedlik oft de earste twa jûnen wiene, sloech juster de sfear om yn in tige grimmitige diskusje…

De presintaasje mei trije farianten dy ‘t blykber makke binne troch de arsjitekt nei de gedachte út de eardere sesjes wiene sa te hearren net nei ferwachting fan de oanwêzigen en lieten yn elke fariant sjen dat der 40 parkearplakken minder as no yntekene binne. Wêr ‘t de oanwêzigen krekt foar kamen (de ynfolling fan de gebouwen om it plein hinne) waard amper oer praat en joech dus ek gjin inkelde dúdlikheid. Dat de oanwêzigen it absolút net iens wiene mei de trije presintearre plannen fan de gemeente wie dus wol dúdlik doe ’t ien fan de oanwêzigen steande de gearkomste in 4e plan ynbrocht wêrfan ’t de strekking wie “Gjin parkearplakken ynleverje. meitsje it eventueel wat griener en kom earst mar mei dúdlike plannen hoe ’t it komt mei de omlizzende gebouwen!”

De gemeente doarde it no dus net mear oan om de taseine stimming oer de foarlizzende plannen troch gean te litten. Mei de oanwêzigen is ôfsprutsen dat der in nij plan komt dêr ‘t de winsk út it ynbrochte 4e plan ferwurke is: “Gjin parkearplakken ynleverje en wol dúdlikens oer de ynfolling fan de omlizzende gebouwen ”

Hâld ús Socials en de Stienzer yn de gaten.



Tags: