โYn de Ljouwerter Krante is in stik te lรชzen oangeande de plannen foar in tydlik bouwwurk op it Oldehoofsterkerkhof, eat wat de besteande, heachsteande, eveneminten freeslik yn it paad sitte sil.
De plannen fan Arcadia oangeande dit tydlike bouwwurk dogge skea oan tal eveneminten sa as it Fries Straatfestival, it Bevrijdingsfestival oant en mei Into the Grave. Sa as yn it artikel te lรชzen is binne de organisatoaren not amused (al fine se it plan op sich wol sympatyk).
Blykt Arcadia it koekoeksjong dat de oare piken it nรชst รบtdrukt?โ
FNP Ljouwert stelde skriftlike fragen, en ferwachtet in passende mjitte fan refleksje op dizze suver kanniballistyske oanfal op รบs evenemintensektor.
๐๐ข๐ฏ-๐๐ช๐ญ๐ญ๐ฆ๐ฎ ๐๐ถ๐ช๐ฏ๐ช๐ฏ๐จ๐ข
๐๐ณ๐ข๐ฌ๐ด๐ซ๐ฆ๐ง๐ฐ๐ข๐ณ๐ด๐ช๐ต๐ต๐ฆ๐ณ ๐๐๐ ๐๐ซ๐ฐ๐ถ๐ธ๐ฆ๐ณ๐ต