Wetterskip siket no dochs om nije opfangpolders

FNP hie fragen steld nei wetteroerlêst jannewaris

Lolke Folkertsma 2012   

 

Wetterskip Fryslân siket om nije (natuer) gebieten dy't by in driigjende oerstreaming ûnder wetter set wurde kinne. 

Dat liet de Fryske dykgraaf Paul van Erkelens okkerdeis witte.

 

It sykjen is in reaksje op de oerlêst en it ekstreem hege wetter yn jannewaris. Neffens de dykgraaf hie it Wetterskip alles wol yn'e macht, mar binne der al in pear ekstra retinsjegebieten by de Fryske Boezem nedich.

 

De FNP hie fragen steld oer de kwestje.

 

Lolke Folkertsma, fraksjefoarsitter FNP Wetterskipsfraksje

Reaksje? Mail lfolkertsmawetterskipfryslan.nl

 

 

Op 23 jannewaris wie de evaluaasje fan de wetteroerlêst yn de Kommisje fan it Wetterskip.

Dêr hie Van Erkelens lykwols noch gjin boadskip oan de oprop fan de FNP, sa lit Folkertsma fia Twitter witte: @lolketjitte.It (politike) waar is no dus al wer omslein by it Wetterskip....

 

 

Klik hjir foar it folsleine berjocht op Binnenlands Bestuur



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer