Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Klimaat en miljeu by it Wetterskip

De FNP hat yn it Wetterskip Fryslân foar de komst fan in ‘enerzjyfabryk' stimd. Hjir moat tenei it slyk út de rioelsuveringen duorsum ferwurke wurde. Sa wolle wy ek by it Wetterskip bydrage oan de enerzjy- en klimaatdoelstellings dy't de FNP stipet.

Rioelwettersuvering

Rioelslyk 

Hoe giet dat yn syn wurk? Mei it nije fabryk wurd it Fryske rioelslyk ferwurke. Der wurdt biogas mei makke troch fergisting. Mei in generator dy't draait op dat gas wurdt dan waarmte en stroom opwekt. Dêrmei kin de ynstallaasje fierhinne enerzjy- en CO2-neutraal draaie en dêrmei in bydrage leverje oan de klimaatdoelen yn Fryslân. It drûge restant fan it slyk wurde weardefolle grûnstoffen út helle lykas struviet, in grûnstof foar keunstdong dy't oars ta skea fan it miljeu mei mynbou út fiere lannen lykas Marokko helle wurde moat. Ek resten fan medisinen en oare stoffen sille yn de takomst út it wetter helle wurde. Dit past by it beslút fan it Wetterskip en de Provinsje om tenei safolle mooglik neffens prinsipes fan de Sirkulêre Ekonomy te wurkjen. Dit is alhiel neffens it FNP program.

 

Klimaat neutraal

By de besprekking fan de begrutting yn 2015 hat FNP al oanjûn dat wy as Wetterskip Fryslan bedriuwsmjittich ynvestearje wolle yn CO2 beheining. Wy ferwachtsje dat ek fan dejingen dy't wy as as Wetterskip fasilitearje.  Wy wolle mei-inoar in lytse stap dwaan om "Klimaat Neutraal" te wurkjen. Wy wolle de kosten dêrby net helje bij de leechste ynkommensgroepen, mar earder by de feroarsakers. Mar ek moat it doel wêze om needsaaklik rendemint te heljen. Dus leechhingjend fruit net as lêste mar as earste benutte dêr't soks mooglik is.

 

De FNP hat de Klimaataginda fan  Wetterskip Fryslan koartlyn stipe, ek mei de gedachte dat it in libben dokumint is. In  Second Opinion jout wol in tal swakke punten en risiko's oan, mar wy hawwe betrouwen dat it Wetterskip dêr goed mei omgiet. Foar de Wetterskipsfraksje is ynearsten it doel dochs wichtiger as de middels. De fraksje hat as soarchpunten oanjûn: de ôfskriuwingsterminen foar de technyske ynstallaasjes, de ôfset fan it biogas en oare grûnstoffen. Mar ek de ôfhinklikheid en ûnwissigens fan subsydzjes en fiskaliteit. Fansels moatte ek de fergunningen op'e tiid klear lizze.

 

Fleksibiliteit

Uteinlik binne de measte fragen nei tefredenheid beändere. Sterker noch, nei oanlieding fan de opmerkings fan ús fraksje binne de logistyk en de betrouberens fan de produksje yn de plannen noch oanpast en ferbettere. De kar foar de technyk mei in saneamde ‘neiskeakele ynstallaasje' jout de fleksibiliteit om yn de takomst ek noch oare grûnstoffen út it slyk werom te winnen. De FNP is wiis mei dy oanpassingen. It past goed by ús stribjen as partij nei in mear Sirkulêre Ekonomy. It lit ek sjen dat wy as fraksje ek oer sa'n technysk ûnderwerp in wêzentlike ynbring hawwe kinne yn it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip.

 

Jan van der Kooi

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)