Ton Raven


Ton Raven (Lokaal Limburg) is sûnt jannewaris 2021 de senator fan de OSF. Raven komt fan Geleen en wie earder lange tiid gemeenteriedslid en wethâlder yn de gemeente Sittard-Geleen.

 

Raven wol de stim fan de ûnôfhinklike lokale en regionale partijen trochklinke litte. Hy wol dêrby leare fan de erfaringen fan syn foargonger, en fokusje op dy saken dy direkt in effekt hawwe op de gemeenten en provinsjes. Raven hat benammen omtinken foar it oereinhâlden fan de basisfoarsjenningen en de finansjele posysje fan gemeenten en provinsjes, en belûkt sterker dan foarhinne de stipefraksje fan de OSF by syn stânpuntbepaling yn de Earste Keamer. 




Gerben Gerbrandy


Gerben Gerbrandy (FNP) wie fan juny 2019 oan jannewaris 2021 lid fan de Earste Keamer foar de OSF.

 

Gerbrandy wie yn de Earste Keamer de earste dy't oandacht hie foar de ferhierdersheffing. Der kaam in ûndersyk wêrút bliken die dat de wenningkorporaasjes de kommende fyftjin jier 30 miljard euro tekoart komme om de kearntaak út te fieren, krekt de 2 miljard euro per jier dy't se no fia de ferhierdersheffing nei de steatskas oermeitsje moatte. Yntusken wolle in soad oare partijen de heffing ôfskaffe. Fierder wie hy de earste dy't by de Algemiene Finansjele Skôgings yn 2019 oer it basisynkommen begûn. Dêrby hat hy de Minister fan Finânsjes in boek dêroer oanbean, op foarwearde dat dy dat ek lêze soe.

   

Gerbrandy hat besletten begjin 2021 nei sa'n twa jier op te hâlden mei syn wurk as senator, omdat it wurk as ienmansfraksje foar him net langer fol te hâlden wie. 



 




Hindrik ten Hoeve


Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân. 

 

Ten Hoeve hat ek mei sukses de profesjonele status foar monuminte-organisaasjes (POM-status) bepleite. Dêrtroch hat bygelyks de Stifting Alde Fryske Tsjerken minder burokratyske ferplichtings by it ûnderhâld fan harren monuminten.




2021 FNP Fryslân - Disclaimer