Stânpunt (lokale) Demokrasy

De FNP wol sizzenskip ticht by de minsken lizze. Dat betsjut mear sizzenskip foar de provinsje en foar gemeenten, mar ek foar doarpen en wiken. De FNP giet út fan de krêft fan mienskippen; as dy romte en (eigen) foech krije dan fersterket dat de eigen taal, kultuer en identiteit en dêrmei it wolwêzen. De FNP fielt him thús yn in solidêr Europa.



"Mear sizzenskip, mear wolwêzen" (Wat fynt de FNP oer demokrasy)

De FNP fynt dat de macht oer de oerheid oan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

 

Mear sizzenskip nei Fryslân en har ynwenners 

Fryslân hat yn Nederlân in bysûndere posysje. Mei mear as twatûzen jier skiednis en in sterke identiteit: in eigen taal, kultuer en lânskip. Mei minder as in eigen bestjoerlik hûs kin it dêrom net ta.

Mar de trend yn Nederlân is krekt de oare kant út. Grutter, anonimer en ôfstanliker. De provinsje Fryslân moat dêrom mei in dúdlike demokratyske legitimaasje, op termyn mear eigen foech en ferantwurdlikheid krije. Wy wolle it eigen bestjoerlike hûs fan Fryslân yngreven ferbouwe: ferstevigje, ferbreedzje en ferbetterje. De kommende fjouwer jier wolle wy dêrta in earste stap sette. Dat moat in ûnomkearber proses fan desintralisaasje opsmite, dêr't ús eigen Fryske bestjoer mear sichtber troch wurdt en mear te sizzen kriget. Dat proses moat stapke foar stapke en op basis fan diskusje en heldere beslútmominten nommen wurde.

 

Kearntaken fan de Provinsje

De FNP wol in Provinsje dy't ferantwurdlikens en middels fan it Ryk oernimt en oare saken oerlit oan de gemeenten. De kearntaken foar Fryslân binne dan ferkear en ferfier, wetter, de Fryske taal en kultuer, natuerbelied, plattelânsbelied, iepenbier ferfier, mineraalwinning, ûnderwiis, kultuer en media en de regy oangeande romtlik en ekonomysk belied (ynklusyf lânbou). Wy fine dat Fryslân dêr mei it Ryk oer yn petear moat om te besjen hoe't Fryslân dy taken oernimme kin.  

 

Gearwurking mei oare oerheden

Wy wolle op mear terreinen mei mear oerheden gearwurkje, yn Nederlân mar ek dêrbûten. De FNP pleitet foar in aktive gearwurking mei Noard- en East-Fryslân. De FNP wol ek dat Fryslân him aktyf presintearret op plakken dy't polityk of ekonomysk foar ús fan belang binne.  

 

In eigen plak yn de Earste Keamer

De leden fan Provinsjale Steaten kieze de leden fan de Earste Keamer. De FNP wurket yn de Earste Keamer konstruktyf gear mei oare provinsjale partijen yn de Onafhankelijke Senaatsfractie, de OSF. De FNP-steatefraksje sil dêrom op de FNP-kandidaat op de OSF-list stimme. De FNP is fan betinken dat de Earste Keamer de belangen fan Fryslân better behertigje moat. 

 

Aktyf yn Europa

Wy hawwe in iepen opstelling nei de wrâld ta. Wy wolle oer de grinzen sjen fan Fryslân en Nederlân. Dêrom binne wy aktyf foar in sterk, demokratysk en federaal Europa. De ynternasjonale situaasje freget dêr no mear as ea om.

De FNP fynt dat Europa te wichtich is om oan De Haach oer te litten. Fia de eigen politike partij de Europeeske Frije Alliânsje (EFA) yn it Europeesk Parlemint bringe wy yn Brussel streekrjocht saken yn dy't foar Fryslân en de EU fan belang binne. 

 

Aksjepunten FNP foar mear sizzenskip en demokrasy

 

1. Behâld en fersterking fan de Fryske bestjoerlike ienheid troch mear en bettere gearwurking tusken Provinsje, gemeenten en Wetterskip.

 

2. In folksrieplachting hâlde oer de fraach oft en hoe't Fryslân en de Friezen mear foech en middels krije moatte oer saken dy't de ynwenners streekrjocht reitsje. It giet dêrby om de sprieding en berikberens fan sikehûssoarch, soarchynstellingen en folkshúsfêsting.

 

3. It foech oer Fryske taal, kultuer en ûnderwiis mei de middels folslein nei de Provinsje.

 

4. De kontakten en ferbannen mei de oare Fryslannen en oare foar Fryslân wichtige (minderheids)regio's yn Europa sterker oanhelje, opsette en benutte.

 

5. In aktyf bûtenlânsk belied fan Fryslân rjochte op kultuer, kennis en eksportbefoardering.

 

6. Ynset fia de EFA foar in mear demokratysk Europa: stimme oer de grinzen hinne op Europeeske listen en Fryslân in kiesdistrikt yn Europa.

 

7. Yn 2022 in ynternasjonaal Beowulf-kongres yn Fryslân om de âlde en nije ferbannen tusken de minsken om de Noardsee hinne te betinken, te belibjen en te fernijen.

 

☞ Nei it ferkiezingsprogram 2019-2023   



2019 FNP Fryslân - Disclaimer