FNP begjint meldpunt bedrige doarpstradysjes

Aant Jelle Soepboer: ‘Oerheid wol him te folle yndekke’

Karbydsjitten 002

Fryske plattelânstradysjes stean ûnder druk troch gemeentefúzjes en nije regels. Optochten mei fersierde weinen stean faai en karbydsjitten wurdt op guon plakken muolik makke. De FNP begjint dêrom in provinsjaal meldpunt foar klachten oer trochsketten regeljouwing.

  

In soad foarsjennings op it plattelân ferdwine, mar de sosjale kooheezje bynt de minsken noch. Krekt dat doarpsgefoel wurdt no troch tal fan faktoaren bedrige. Ien fan de grutte oarsaken is it fúsjearjen en opskalen fan gemeenten.

 

In twadde oarsaak is dat oerheden harren bytiden op syn Amerikaansk yndekke wolle, sjocht riedslid Aant Jelle Soepboer út Nijewier. "Gjinien doart mear ferantwurdlikens te dragen of te jaan'', fernimt er. ‘'Wylst je minsken en doarpen júst eignerskip en ferantwurdlikens jaan moatte! Regels dy't ea betocht binne om by eksessen yngripe te kinnen, wurde no brûkt om op foarhân te hânhavenjen. Frijwillgerswurk wurdt sa in burokratysk moeras.''

 

Soepboer kaam yn aksje doe't út skriuwen fan de gemeente bliek dat in jeugdoptocht mei fersierde weinen troch de doarpen net mear winsklik wie fan 2019 ôf. Ald-boargemaster Waanders sei dêrnei ta dat der neffens har yn 2019 noch riden wurde moast en dat de tradysje heech op de nije riedsaginda komme soe. De FNP-fraksje yn Noardeast-Fryslân freget lykwols opnij oandacht foar de optochten no't it derop liket dat de gemeente dochs gjin tastimming jaan wol foar de optocht fan Anjum.

 

Der binne mear foarbylden. Keatsferiening OKK yn Bitgum moast fan Waadhoeke ynienen oeral hekken delsette. De selde gemeente woe it sintraal ynsammeljen fan krystbeammen opdûke, wat de FNP-fraksje keard hat. Eveneminten yn Marssum smite neat op, fanwege de kosten fan parkearwachten en befeiligers. Yn doarpen fan it eardere Littenseradiel rint de fergunningferliening foar eveneminten net soepel mear nei de oername troch Ljouwert. En it Kallemooifeest op Skiermûntseach leit lânlik ûnder in fergrutglês.

 

Al dizze saken meitsje in soad los op it plattelân, oant in ‘stille tocht' yn Sint Nyk ta. De provinsjale FNP ropt dêrom op om erfarings mei trochsleine regeljouwing en bedriigde doarpstradysjes te melden fia meldpuntfnp.frl.

 

 



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer