Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Faasje mei maatregels pealrot en fundearringsskea

Mear faasje yn it feangreideprogramma mei maatregels tsjin de pealrot, en gau in bettere skearegeling foar partikulieren. Dêroer is yn Provinsjale Steaten mei in grutte mearderheid in moasje fan de FNP oannommen.

Pealrot

De feangreideproblematyk treft net allinnich boeren mar alle bewenners fan it feangebiet. Dêrom moatte der maatregels komme om mei in heger wetterpeil skea oan de fundearring fan wenningen tsjin te gean. Dat moat yntegraal meinommen wurde yn de ferskate projekten fan it saneamde Utfieringsprogramma Feangreide, sa fynt wurdfierder Wopke Veenstra. ‘Nei in moasje begjin 2015 is in útwurking per dielgebiet mei it Wetterskip en alle belanghawwenden tasein. Ynklusyf alle maatskiplike en partikuliere kosten en baten.'

 

Der is ek noch hieltyd gjin sicht op in goede nije skearegeling foar al besteande fundearringsskea. Veenstra: ‘Der wurdt tocht oan in lanlik fûns, mar it sjit net op sa hawwe wy begrepen. Dat skriuwt it Kolleezje fan Deputearre Steaten ús yn maaie 2015. Mar wat is no yn 2018 de stân fan saken? Wy krije ûngerêste berjochten fan de Belangenvereniging Funderingsgedupeerden Nederland mar ek fan yndividuele bewenners fan it feangreidegebiet yn Fryslân. Dêrom wolle wy foar de simmer berjocht oer de fuortgong.'



Downloads:
FNP moasje pealrot


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)