Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English
06-12-2018 - Kampanjestart 2019 Boalsert
Wolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert.

29-09-2018 - Gerben Gerbrandy kandidaat-senator FNP
Op de ledegearkomste fan de FNP is Gerben Gerbrandy (Gau) keazen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. Foar de FNP-list fan Wetterskip Fryslân is Bram Bonnema fan Frjentsjer listlûker wurden

07-09-2018 - Frijbûtser fan septimber no online
Bestjoersferkiezings, kandidatelisten foar de ferkiezingen fan it Wetterskip en de Earste Keamer. En noch tal fan oare wichtige saken op de wurklist fan de ekstra ALG op 28 septimber, allegear yn dizze Frijbûtser.

19-07-2018 - Rapport 'Geldstromen tussen het Rijk en de provincie Fryslân'
De FNP wol mear ynvestearje yn de sosjaal-ekonomyske struktuer fan Fryslân. No giet it measte jild nei útkearingen.

11-06-2018 - Frijbûtser fan juny no online
It oanmelden fan kandidaten foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten maart 2019 is los. Ek foar it Wetterskip en de Earste Keamer. Yn dizze Frijbûtser mear oer de proseduere.

21-04-2018 - Frijbûtser fan april no online
It haadbestjoer nûget de leden foar de Algemiene Ledegearkomste op 25 maaie. Wat der allegear te bepraten is stiet foar op dizze Frijbûtser.

03-04-2018 - Minority SafePack Initiative
Tekenje no it Europeeske Boargerinisjatyf en stypje dêrmei de lytse talen yn Europa.

22-03-2018 - Ferkiezingsposter FNP Súdwest-Fryslân Lanlik Kampioen
FNP foarsitter Cees van Mourik, riedslid Tsjerk Bouwhuis en bestjoerslid Petra Bouma hawwe by de VNG yn Den Haach de trofee yn ûntfangst nommen.

05-03-2018 - Ferkiezingen gemeenterieden 21 maart - Frijbûtser fan maart no online
Partijfoarsitter Van Mourik winsket alle leden, kandidaten, ôfdielings, kommisjes en oaren dy't yn it spier binne foar de riedsferkiezings in goede tarieding en in prachtige útslach ta.

26-02-2018 - Diskusjejûn referindum Sleepwet 1 maart It Hearrenfean
De FNP organisearret yn de mande mei de OSF in diskusjejûn oer de sleepwet. Hjirby giet it net sasear om wa’t gelyk hat, mar om it foarmjen fan in eigen oardiel hjiroer.

07-02-2018 - Frijbûtser fan febrewaris no online
Foto: Tette Liemburg - Praathûs FNP Ljouwert - Yn dit nûmer: de nije koälysje yn Súdwest: "Ynnovaasje, ko-kreaasje, gearhing en skerpere resultaten"- it liket it program fan de FNP wol !

13-12-2017 - Frijbûtser fan desimber no online - Nijjiersgearsit 6 jannewaris De Rottefalle
De FNP-ôfdieling Smellingerlân organisearret dit kear de nijjiersgearsit. Yn dit nûmer fierder it ferslach fan de ALG op 24 novimber en in soad oar nijs út de partij.

30-10-2017 - Riedsferkiezingen 22 novimber 2017
Frijbûtser fan oktober 2017 no online - Doch as FNP'ers manmachtich mei oan de kampanjes foar de riedsferkiezingen op 22 novimber! Dy oprop stiet sintraal yn dizze Frijbûtser. Yn itselde artikel in portret fan de trije listlûkers fan FNP Ljouwert, FNP Waadhoeke en FNP Súdwest.

18-09-2017 - Frijbûtser fan septimber 2017 no online
'Freonen, wy moatte allegearre mei-inoar oan ’e bak!' Dat sei fraksjefoarsitter Corlienke de Jong by de start fan it politike seizoen op 1 septimber yn Wommels. Lês mear oer dizze aktiviteit yn de nije Frijbûtser.

14-06-2017 - 'Ik bin gjin plúsplakker' - Cees van Mourik yn de Frijbûtser fan juny
De nije partijfoarsitter fan de FNP jout yn syn yntreerede oan wat wy fan him ferwachtsje kinne. Fierder yn dizze edysje it ferslach fan de ALG op 19 maaie, de grutte punten fan de FNP yn de Steaten en oer de kandidatelist fan FNP Ljouwert.

Argyf
Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)