NIJS   30-06-2016


Ekologysk behear provinsjale bermen

Natuer, duorsumheid, lânskipsbeleving en biodiversiteit moatte neist de feiligens noch hieltyd útgongspunt wêze foar it meanen fan de provinsjale bermen. De FNP freget oan deputearre Poepjes om leanbedriuwen, gemeenten en it Ryk op te skerpjen oer it belied dat yn 2011 ôfpraat is.

"Provinsjale bermen as lânskipsbeleving" (Wopke Veenstra oer bermen)

De yndruk bestiet dat der de lêste tiid wer folle mear fan de bermen, sleatskanten en oerhoeken meand wurdt as de bedoeling wie. FNP wurdfierder Wopke Veenstra: ‘Graach in ûnderbouwing dat it ôfprate ekologyske bermbehear noch hieltyd goed op it netflues stiet by de leanbedriuwen, Rykswettersteat en oaren.

 

It komt tsjinstridich oer dat wy oan de iene kant in soad tam-tam meitsje oer in Bijenlint troch de hiele provinsje en dat oan de oare kant de boel hielendal ‘plat' meand wurdt.'

‘Wy moatte fol ynsette op yntegraal en ekologysk bermbehear foar natuer, duorsumens, lânskip, beleving en biodiversiteit. Wy wolle as FNP konkrete aksjes sjen fan it Kolleezje om alle partijen sa nedich wer op te skerpjen', sa stelt Veenstra.



Downloads:
FNP skriftlike fragen ekologysk bermbehear
Antwurd op FNP fragen ekologysk bermbehear


Tags: Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer