NIJS   12-09-2016


FNP: grûnbûne en biologyske boeren ek by oerlis mei Provinsje

Oant no ta jilde benammen de LTO en NMV as ‘de organisearre lânbou'

 

Wopke Veenstra 2015 lyts   

Skriftlike fragen Wopke Veenstra

 

De biologyske en grûnbûne boeren moatte folweardige partners yn it petear mei de Provinsje Fryslân wurde. Dat stelt de steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Kramer.          

 

Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Lânbou    

Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl 

Oant no ta jilde benammen de LTO en NMV as ‘de organisearre lânbou'. De FNP is fan betinken dat it Netwerk Grondig fan grûnbûne melkfeehâlders en de Feriening fan Biologyske Boeren Fryslân tenei ek oanskowe moatte by de reguliere oerlizzen mei de provinsjale oerheid.

 

Neffens FNP wurdfierder Wopke Veenstra past dit by bredere maatskiplike ferskowingen dy't wy sjogge en dy't ek yn de organisearre lânbou plakfine. Troch mei te dwaan oan it reguliere oerlis kinne de belangen fan de grûnbûne en biologyske boeren better behertige wurde, sa stelt Veenstra. It giet dan oer in grut ferskaat oan ûnderwerpen lykas feangreide, wetterbehear, miljeu, ekonomyske struktuer, natuer en lânskip, de bou fan grutte stâlen en Omjouwingsplan.

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen organisearre lânbou


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer