![]() |
FNP reaksje Miljoenennota 2016
De FNP fynt dat it kabinet te min docht om de twadieling yn Nederlan en Fryslân oan te pakken. Dêrby giet it fansels om de tsjinstelling tusken earm en ryk, mar benammen ek oer de twadieling tusken Regio en Rânested.
Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes Reaksje ? Mail s.posthumusfryslan.frl |
It giet bygelyks om it oanpakken fan de ynfrastrukturele problemen (brêge en slûs Koarnwertersân, 4e trein Ljouwert - Zwolle, Skarsterrien), mar ek de gefolgen fan de krimp kin en meie net deaswijd wurde. Benammen it behâld en fuorsterkjen fan de soarch yn de regio (Sionsberg) freegje ek it omtinken fan dit kabinet.
Lânbou
Fierders hat de FNP begrutsjen oer it feit dat de kening net praat hat oer de lânbou. De lânbou yn Nederlân en benammen ek yn Fryslân stean foar in drege tiid mei yngreven feroarings. Lege molkprizen, fragen oer de fosfaatregeling en de tanimmende druk fan de regeljouwing besoargje in protte boeregesinnen drege tiden. Dêrnjonken wurdt fan de boeren in protte frege om om te skeakeljen nei in bedriuwsfiering mei mear each foar bioferskaat, bistewolwêzen en it lânskip. De FNP stipet dy omskeakeling fan herten en fynt dêrom dat dy hurdwurkjende Nederlanners, wêrfan in protte yn Fryslân wenje, wol in oanmoediging en in skouderklopke fan de kening fertsjinne hiene.
Europa
Dêrnjonken hat de FNP soarch oer de takomst fan de EU. De kening hat de Brexit in pear kear neamd, mar it belang fan de EU foar Nederlân en Fryslân giet wol wat fierder as de eventuele gefolgen fan it fuortrinnen fan de Britten. No wurdt yn Europa en fan Nederlân liederskip frege. It hat der alle skyn fan dat it kabinet benaud is foar it anty Europeeske sentimint by de befolking en benammen yn de media en dêrom de kop oangeande Europa yn it sân stekt.
Oppoetst
De FNP realisearret him dat dit de lêste troanrede en miljoenenota fan dit kabinet is. Dan wurde fansels de moedfearren foar it each fan de kiezers krekt wat mear oppoetst. Mar dat ûntslacht dit kabinet neffens de FNP der net fan dat men der sit foar alle Nederlanners en dêrmei ek foar de minsken yn de regio.