De fraksjes fan FNP yn Provinsjale Steaten en FNP Achtkarspelen wiene ferline wike op wurkbesite by omwenjenden fan de N35, De Skieding, tusken Surhústerfean en de A7. De FNP fynt it tige wichtich en harkje nei it ferhaal fan de minsken sels foardat der in yngreven beslút naam wurde kin oer upgrading fan de drokke wei.
De FNP'ers hawwe praat mei belanghawwenden oan de Grinzer en oan de Fryske kant fan de wei. Yn desimber 2016 sille Provinsjale Steaten fan Fryslân in beslút nimme oer in eventuele upgrading fan De Skieding. De wichtichste kar is tusken oanpak fan de besteande wei of de oanlis fan in hiel nij trasé dwers troch it lânskip. Foar in nije sitewaasje binne oan de tekentafel wol 69 farianten op papier set. Hokker fariant ek keazen wurdt, it sil yngripende gefolgen hawwe foar oanwenners oan wjerskanten fan De Skieding.
Dizze oanwenners binne net of kwalik heard yn harren fisy oer dizze upgrading, sa stelde de FNP fêst. Der is in grut ferskaat oan belangen: ferkearsfeiligens, ekonomyske belangen fan it bedriuwslibben, takomstige ûntwikkeling foar de lânbou, in goede ûntsluting foar de hiele regio. It sjen nei de sitewaasje op de oanbelangjende lokaasje jout stipe oan de ferskate ferhalen en soargen fan omwenners. De fraksjes fan de FNP sille meiinoar harsenskraabje oer de krigen ynformaasje en benammen ek oer de útsprutsen soargen fan de oanwenners fan De Skieding.
It is de FNP wol dúdlik wurden dat der earst mear ynformaasje komme moat oer de gefolgen fan it yn gebrûk nimmen fan de Sintrale As, foardat der in definityf beslút naam wurdt oer de N358. Tellingen foar en nei de oanlis sille oan de Steateleden levere wurde moatte om in yngreven beslút nimme te kinnen. Wizige ferkearsstreamen troch dizze nije wei kinne ommers in grutte ynfloed hawwe op de trasékar. Dêrom sil de FNP Steatefraksje útstelle om net al yn desimber, mar in pear moanne letter de trasékar yn de Fryske Steaten fêststelle te litten.