Skjinne enerzjy
De Steaten hawwe de Beliedsbrief Duorsume Enerzjy fêststeld. Doel is om as provinsje yn 2050 mei in ‘skjinne enerzjymiks' ûnôfhinklik fan fossile brânstoffen te wurden. Klaas Fokkinga kaam mei in opfallend punt yn PS dêr't gjin inkelde oare partij oan tocht hie: ‘Yn dit gefal kin der ek gebrûk makke wurde fan Europeeske regeljouwing, te witten de ‘Rjochtline 2009/28/EG fan it Europeesk Parlemint en de Ried fan 23 april 2009 ta befoardering fan it gebrûk fan enerzjy út fernijbere boarnen'. It komt der op del dat jo ynvestearje yn in oar EU-lân mar de megawatts wurde oan jo eigen lân tarekkene. Dútslân makket hjir bygelyks al gebrûk fan'. Deputearre Schrier hat dêrop in tasizzing oan de FNP dien dat hy de mooglikheden ûndersykje sil. Hy komt der yn it folgende útfieringsprogramma (2017) op werom.
Romtlike oardering
De Noardlike Rekkenkeamer hat in rapport skreaun oer de trochwurking fan it belied fan de trije noardlike provinsjes yn de gemeentlike bestimmingsplannen. Klaas Fokkinga hat hjiroer foar de FNP it folgjende sein: ‘Somtiden krije jo de yndruk dat dit rapport skreaun is troch in Grinzer bril. It is bekend dat Grinslân mear sintralistysk ynsteld is oangeande it romtlik belied as Fryslân. Foar ús jildt mear ôfhâldendheid, horizontale ferantwurdlikens fan B&W en Rieden, en risikorjochte wurkje. Koartsein komt it der op del dat it yn Grins mear ‘fan boppe ôf' wurket en yn Fryslân mear ‘fan ûnderen op'.
Oankeap natuergrûn
It provinsjale grûnbelied yn de perioade 2013-2015 is gâns ferbettere. Dit is mei in gefolch fan maatregels fan ús eigen FNP deputearre Johannes Kramer. It debat yn PS gong benammen oer de wize wêrop de oankeap fan grûn foar natuerdoelen bart. FNP wurdfierder Wopke Veenstra sei dêroer: ‘Us ynstek hat altyd west in minlike / frijwillige oplossing te sykjen mei de ferkeapers. ‘. In amendemint fan FNP, CDA, SP en VVD hjiroer krige romme stipe yn PS. It Kolleezje hat dêrmei de opdracht krigen om te kommen mei in plan foar de minlike oankeap fan de noch ûntbrekkende gebieten foar de Ekologyske Haadstruktuer (EHS).
Reinbôgeflage
PvdA, D66 en Grienlinks kamen mei in moasje oer de ‘regenboogprovincie'. De yntsjinners woene dat it Kolleezje útdrage soe dat Fryslân in reinbôgeprovinsje is, en jierliks op 11 oktober de reinbôgeflage útstekke soe. De FNP hat middels in stimferklearring oanjûn dat de fraksje hjiroer ferdield stimme soe. De fraksje is der foar om diskriminaasje yn hokker foarm dan ek tsjin te gean, mar it punt fan it flagjen hie foar elkenien net hoegd. It kin nammentlik ek útlein wurde as it apart setten fan de groep LHBT'ers yn de maatskippij. Guon yn PS wolle ek dat de oerheid him neutraal opstelt en gjin inkelde flagge fan maatskiplike organisaasjes fiert.
Wurdfierder Corlienke de Jong hjioer: ‘Foarsitter, de FNP giet út fan in iepen maatskippij dy't gastfrij en respektfol mei oare kultueren en libbenswizen omgiet ... en ek foarsitter, is ien fan ús 7 kearnwearden dat de FNP in mienskipspartij is en dat we, foar it behâld fan de solidariteit hjir yn ús provinsje, begryp en respekt fan wjerskanten behâlde en fersterkje wolle, sadat nimmen oan de kant komt te stean. Eltsenien yn de mienskip heart der by, ék de LHBT minske. As FNP fine wy dat sá fanselssprekkend dat wy as oerheid hjir net foar hoege te flagjen.'
De moasje helle it net, om't de yntsjinners it flachfertoan der net út helje woene.