NIJS   25-10-2016


FNP fragen oer KH2018 en meartaligens

Meartalige útstrieling belangryk foar Kulturele Haadstêd Europa

Wy meie fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd ferwachtsje dat hja yn kommunikaasje en útstrieling konsekwint meartalich, op de Fryske én op de Europeeske mienskip rjochte binne. By it Bidbook fan KH2018 binne der wat dit oangiet hege ferwachtingen wekt. Dat stelt de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Poepjes.

  

Oanlieding foar de fragen fan FNP wurdfierder Corlienke de Jong is it resinte ûndersyk fan de Fryske Akademy nei de kommunikaasje fan KH2018. Kreativiteit en kunde op it mêd fan kommunikaasje is der binnen KH2018 genôch, sa stelt De Jong. ‘Wy meie dan ek fan de organisaasje ferwachtsje dat hja by steat binne en realisearje troch goede kommunikaasjeplannen in konsekwint meartalige útstrieling yn de Europeeske kontekst'.

 

Op basis fan it Bidbook fan KH2018 blykte dat de Europeeske sjuery neist de artistike doelen benammen ûnder de yndruk wie fan it unike meartalige karakter en it ‘mienskipsgehalte' dêr't Ljouwert / Fryslân him mei ûnderskiedt. De FNP is fan betinken dat der dan ek easken ditoangeande steld wurde meie om krekt dy doelen te heljen. De Jong wol witte hoe't de Provinsje hjir mei omgiet.

 

De FNP wiist der op dat it provinsjale KH2018-projekt ‘Lân fan Taal' útsoarte in meartalige opset en útstrieling hat. It soe ten koste gean fan sokke projekten as de ynbêding yn de rest fan KH2018 hielendal gjin meartalige útstrieling hat. De FNP wurdfierder ferget deputearre Poepjes op de konkrete yngrepen dy't der komme sille en dêr't de deputearre neffens eigen sizzen ‘persoanlik op ta sjen' sil.

 



Downloads:
FNP fragen kh2018 en meartaligens
Antwurd op FNP fragen kh2018 en meartaligens


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer