Dit artikel is earder ferskynd as opinystik yn it Friesch Dagblad fan 27 oktober 2016
It moat net mâler. Sionsberg Dokkum hast gjin kontrakt foar 2017, de Dokterspost Koudum mooglik ticht, fierstente lange oanrydtiden fan de ambulânses, in pasjiintestop yn Nij Smellinghe en te min jild foar de sikehuzen yn Snits en It Hearrenfean. It wurdt heech tiid om demokratyske sizzenskip te krijen oer berikberens en beskikberens fan de soarch.
Gjin buertsoarch mear?
Yn grutte parten fan Fryslân wurdt it hieltyd dreger om op ‘e tiid of tichtby soarch te krijen. Yn 12 fan de 24 Fryske gemeenten komt de ambulânse te let. Nije pasjinten sûnder akute soarchfraach kinne dit jier mear as twa moannen net telâne yn it sikehûs fan Drachten. En in grut part fan de Súdwesthoeke hat aansens mooglik gjin dokterspost yn ‘e buert omdat soarchfersekerder ‘De Friesland' de stekker der út helje wol.
Minsken wurde âlder
Mei it each op in befolking dy't hieltyd âlder wurdt en in grutter berop docht op de soarch is dat allegear net akseptabel. Mar it is de fraach wa't no yngrypt of yngripe kin. Want dat is in grut dilemma, om't de wichtichste besluten oer de soarch tsjintwurdich naam wurde op grutte ôfstân fan de minsken sels of de folksfertsjintwurdigers dy't troch dyselde minsken demokratysk keazen binne. En dêr sit it grutte probleem. Minsken hawwe noch direkt, noch yndirekt ynfloed op de soarch tichtby.
De beslútfoarming by de soarchfersekerders lykas ‘De Friesland', CZ of Menzis is dizenich en op grutte ôfstân setten fan de oerheid. It regear yn De Haach lit it benammen oer oan de soarchfersekerders sels en de partijen yn de regio, sa't út de beäntwurding fan keamerfragen oer de Sionsberg bliken die.
Dôfhûdich
Gemeente- en provinsjebestjoerders rinne de fuotten ûnder it gat wei en besykje te rêden wat der te rêden falt, mar feitlike sizzenskip hawwe se net. Dêrby is de mearderheid yn de Twadde Keamer ek nochris dôfhûdich as it oer de takomst fan de soarch yn Fryslân giet. Moasjes oer de Sionsberg dy't mei grutte mearderheid yn de Steaten fan Fryslân oannommen waarden, koenen net op stipe fan polityk-Den Haach rekkenje. Yn de praktyk komt it der eins op del dat mar in hantsjefol managers beslute kin oer de soarch fan hûnderttûzenen minsken. Dêrom moat Fryslân ek sels de rezjy en de sizzenskip krije oer de soarch yn ús eigen regio.
Goede foarbylden yn Europa
Kin dat dan? Jawis. As wy sjogge nei oare regio's yn Europa dan hawwe in soad provinsjes/regio's it foech (sizzenskip) én de middels om de soarch yn harren eigen regio te finansieren en te ferbetterjen. Sweden, in lân dat op it mêd fan sûnenssoarch as in foarbyld sjoen wurdt yn de wrâld, is dêr ien fan. Yn it resinte ferline wie de ferantwurdlikheid foar sprieding en beskikberens fan de ambulânses noch it foech fan de provinsjes. Lykwols, dat is in pear jier lyn sintralisearre.
Yn it koalysje-akkoart fan Fryslân is ek opnommen dat Fryslân mear sizzenskip krijt oer de sprieding fan soarchfoarsjennings foar ús ynwenners. Heech tiid om dêr útfiering oan te jaan.
Corlienke de Jong en Sybren Posthumus,
Fraksjefoarsitter en Steatelid FNP
Mear dokumintaasje oer dit ûnderwerp is te finen yn
http://cor.europa.eu/en/documentation/studies/Documents/health-systems/health-systems-en.pdf